Piet Soer
Piet Soer (Eursinge (Havelte), 4 jannewaris 1903 - Brilon, 6 april 1935) wie in Nederlânske piloat dy't bekend waard as ko-piloat fan de ferneamde krystflecht fan de "Pelikaan" yn 1933 njonken Iwan Smirnoff.
Piet Soer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 jannewaris 1903 | |
stoarn | 6 april 1935 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Fleander | |
reden bekendheid |
Krystflecht 1933 | |
offisjele webside | ||
pietsoer.nl |
Biografy
bewurkje seksjePiet Soer waard grutbrocht troch syn beppe nei 't syn mem al betiid ferstoar. Yn 1919 gie er frijwillich yn militêre tsjinst. Twa jier letter waard er yndield by de Luchtvaartafdeeling op fleankamp Soesterberg en yn 1924 helle er syn fleanbrevet. Op 10 maart 1927 waard er piloat by de KLM. Syn bekendste flecht wie dy mei de Fokker F.XVIII "Pelikaan" yn 1933. Tegearre mei Iwan Smirnoff, C.H. van Beukering en J. Grosfeld leine sy yn in rekôrtiid de ôfstân Amsterdam - Batavia ôf om sadwaande dochs de post mei de krystdagen ôf te leverjen.
Ungemak mei de "Leeuwerik"
bewurkje seksjeOp 6 april 1935 stoarte Piet Soer mei de Fokker F.XII "Leeuwerik" del by de Burgberg by Brilon yn it Sauerland. Net ien fan de ynsittenden oerlibbe de ramp, ûnder de ynsittenden wie ek de soan fan de Amsterdamske boargemaster Willem de Vlugt.
Op sneon 6 april 1935 sette de Fokker F.XII mei fleantúchregistraasje "PH-AFL" fan it fleanfjild fan Praach ôf foar de reis nei Rotterdam. Nei de tuskenlâning yn Halle-Leipzig set it tastel ôffoar it nei Essen, mar komt dan yn striemin waar telâne. Der is in swiere sniestoarm, it sicht is maksimaal 200 meter. It offisjele ûndersyk konkludearre: Er moet een ernstige oorzaak zijn geweest, welke de vlieger met grondzicht deed vliegen. Der waarden in tal mooglike oarsaken neamd foar dat leechfleanen, lykas perblemen mei de motoaren en de eangst foar iisôfsetting op de fleugels. De wiere oarsaak waard net fêststeld, mar de gearstallers fan it rapport neame as meast wierskynlike oarsaak it te leech fleanen om sicht op de grûn te krijen.
Underskiedingen
bewurkje seksje- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- gouden medalje fan de gemeente Amstelveen[1]
Literatuer
bewurkje seksje- Piet Soer en anderen van de oude Indiënroute (J.H. Frenken, 1995 útjouwerij Davidhuis, ISBN 9073251028 )
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |