Saab JAS 39 Gripen
Saab JAS39 Gripen | |
---|---|
Fabrikant | Saab |
Untwerper | Industrigruppen JAS, FMV |
Earste flecht | 9 desimber 1988 |
Yn tsjinst | 1 novimber 1997 oant no |
Tal makke | Sa'n 300 (1987–2023) |
Grutste brûkers | Sweden 1996-no Súd-Afrika 1999-no Hongarije 2001-no Tsjechië 2004-no Tailân 2007-no |
De Saab JAS 39 Gripen is in Sweedsk meardoelfjochtfleanmasine en de opfolger fan de Saab 37 Viggen.
De prototipen fleagen fan 1988 ôf en de hjoeddeiske ferzje – JAS 39C/D – wurdt sûnt 2005 troch de Sweedske loftmacht (Flygvapnet) brûkt. De loftmachten fan Tsjechje, Hongarije, Súd-Afrika en Tailân hawwe ek Saab Gripen.
De Sweedske Loftmacht easke dat de nije fleanmasine opstrike en delkomme koe op in lâningsbaan net langer as 800 m.
Farianten
bewurkje seksje- JAS 39A
- De fjochtferzje dy't yn 1996 yntrodusearre waard yn de Sweedske Loftmacht. 31 sille modifisearre en fernijd wurde ta de C/D standert.
- JAS 39B
- Twa-sit ferzje fan de A fariant.
- JAS 39C
- Ferzje dy't oan de NAFO standert foldocht.
- JAS 39D
- Twa-sit ferzje fan de C fariant.
- Gripen E/F
- Takomstferzje.
Ungemakken
bewurkje seksjeDer hawwe oant jannewaris 2017 ta tsien ûngemakken west mei de Saab Gripen. Nei de earste twa ûngemakken (1989 en by in fleanshow yn Stockholm yn 1993) soe de fleanmasine neffens de pars net feilich genôch wêze. By alle tsien ûngemakken hat ien piloat it libben ferlern.
Spesifikaasjes (JAS 39 Gripen)
bewurkje seksje- Bemanning: 1 (2 yn JAS 39B/D)
- Lingte: 14.1 m
- Spanwiidte: 8.4 m
- Hichte: 4.5 m
- Oerflak lift: 30.0 m²
- Gewicht leech: 5.700 kg
- Gewicht laden: 8.500 kg
- Maks. gewicht om fan 'e grûn te kommen: 14.000 kg
- Lingte (twa-sitter): 14.8 m
- Motor: 1 Volvo Aero RM12
- Type motor: turbofan mei neiferbaarnder
- Driuwkrêft: 54 kN
- Driuwkrêft mei neiferbaarnder: 80.5 kN
- Heechste faasje: 2.470 km/o
- Aksjeradius: 800 km
- Maks. fleanberik: 3.200 km
- Plafond: 15.240 m
- Belesting: 336 kg/m²
- Bewapening
- 1× Mauser BK-27 revolverkanon mei 120 patroanen
- Raketten en bommen
- 6× Rb.74 (AIM-9) of Rb 98 (IRIS-T)
- 4× Rb.99 (AIM-120) of MICA
- 4× Rb.71 (Skyflash) of Meteor
- 4× Rb.75
- 2× KEPD.350
- 4× GBU-12 Paveway II troch laser stjoerde bom
- 4× rakethâlders mei 13.5 sm raketten
- 2× Rbs.15F Anti-skipraket
- 2× Bk.90 cluster bom
- 8× Mark 82 bommen
- 1× ALQ-TLS ECM hâlder
- 1x Digital Joint Reconnaissance Pod