Tsjechje
Tsjechje, offisjeel de Tsjechyske Republyk, is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Praach.
Česká republika (tsj) | |
Biedwurd: Pravda vítězí "De wierheid oerwint" | |
Folksliet: Kde domov můj "Wêr is myn thús" | |
Haadstêd | Praach |
Offisjele taal | Tsjechysk |
Steatsfoarm | Parlemintêre republyk |
- presidint | Petr Pavel |
- regearlieder | Petr Fiala |
Unôfhinklikheid | 1993 |
Oerflak | 78.866 km² |
- wetter | 2% |
Ynwennertal | 10.578.820 (01-01-2017) |
Befolkingstichtens | 134 ynwenners/km² |
Muntienheid | Tsjechyske kroan (CZK) |
Tiidsône | MET (UTC+1) |
- simmertiid | MEST (UTC+2) |
Nasjonale feestdei | 28 oktober |
Ynternetdomein | .cz |
Telefoan | +420 |
ISO 3166 | CZ, CZE, 203 |
Tsjechje leit foar in part yn de histoaryske regio's fan de Bohemen en Moraavje, foar in lyts part yn Sileezje. It lân hat in bercheftich gea mei de Sněžka (1,602 m) as heechste punt.
De haadstêd Praach leit yn 'e midden fan Tsjechje, oare stêden mei mear as 100.000 ynwenners binne Brno, Olomouc, Ostrava en Pilsen.
Tsjechje wurdt begrinzge troch:
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e midsiuwen wienen de histoaryske regio's fan Tsjechje, Bohemen en Moraavje, in part fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it Sudetelân aneksearre troch Nazi-Dútslân. Yn it tiidrek fan de Kâlde Kriich wie Tsjechje gearfoege mei Slowakije ta Tsjechoslowakije as in satellytsteat fan de Sowjetuny. Sûnt 1 jannewaris 1993 is Tsjechje in selsstannich lân, sûnder Slowakije en it Kommunistysk bewâld.
Demografy
bewurkje seksjeYn 2007 hie Tsjechje 10,3 miljoen ynwenners. De grutste minderheden binne dy fan de Dútsers, Slowaken, Poalen en Roma. Tsjechysk is de amtlike taal en memmetaal foar 97 % fan de ynwenners. Yn it noardwesten binne 50.000 minsken dy't Dútsk as memmetaal hawwe, yn it noarden binne der 50.000 minsken dy't Poalsk as memmetaal hawwe. Likernôch 140.000 minsken yn Tsjechje prate it Romany. De grutste tsjerke yn it lân is de Ortodokske Tsjerke.
Polityk
bewurkje seksjeTsjechje is sûnt 1993 lid fan de Feriene Naasjes. It lân waard 30 juny 1993 lid fan de Rie fan Jeropa en is sûnt 1999 lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Yn 2004 is Tsjechje lid wurden fan de Jeropeeske Uny, mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeTsjechje is bestjoerlik ferdield oer fjirtjin regio's (Tsjechysk: kraj). De regio's binne wer ferdield yn 6249 gemeenten.[1] Tusken de regio's en de gemeenten sit in bestjoerlike laach fan 77 distrikten (okres). Offisjeel wurde de bestjoerlike okresy sûnt 2003 net mear brûkt, foar de gebietsyndieling lit it âlde bestjoerlike elemint him noch wol brûke. De Tsjechyske haadstêd Praach is sawol gemeente as regio en distrikt.
De regio's binne:
Ekonomy
bewurkje seksjeBYP per persoan is $24,500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,7% lânbou, 38,7% yndustry en 58,6% tsjinsten. De Tsjechyske ekonomy is stabyl en docht it better as oare eastblok lannen. Diplomearre en goedkeape arbeidskrêften, lidmaatskip fan de Jeropeeske Uny en in sintraal plak yn Jeropa ha de kaaifaktoaren west foar bûtenlânske ynvestearders nei de kommunistyske tiid. Tsjechje sil neffens de plenning yn 2012 by de eurosône komme. In lytse, iepen, op eksport basearre ekonomy hie in jierlikse ekonomyske groei fan 6% yn 2005-2007. De konservative Tsjechyske ekonomy hat oant no ta noch net sa'n protte skea ûnderfûn fan de kredytkrisis, alhoewol't de ekonomyske groei yn it lêste fearnsjier fan 2008 tebekrûn. Dy weromfal hat te krijen mei de minderjende eksport nei West-Jeropa.
Militêr
bewurkje seksje- Struktuer
De Tsjechyske definsje hat in Sintrale Troepen Kommando (mei lânmacht en loftmacht) en Training Troepen Kommando.
- Mankracht
Yn 2008 wienen der 2.522.383 Tsjechyske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 2.100.789 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 63.124.
- Budzjet
Militêr budzjet $2,17 miljard (2004).
Persintaazje fan it BYP 1,81 % (2005).
Transport
bewurkje seksjePraach hat it grutste fleanfjild fan Tsjechje (11,6 miljoen passazjiers yn 2006). De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.
Tsjechje hat (2006):
128.512 km ferhurde dyk.
9.597 km spoardyk.
664 km farwetter.
Ferneamde Tsjechen
bewurkje seksje- Franz Kafka - skriuwer
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Offisjele hiemside Dútsk, Ingelsk
- Hiemside fan it regear Tsjechysk
- Tsjechysk buro foar statistiken Ingelsk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |