Sacharías- en Elisabettsjerke (Tobolsk)

De Sacharías- en Elisabettsjerke (Russysk: Церковь Захария и Елизаветы; Tserkov Zacharija e Elizabety) is in otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Tobolsk. De tsjerke waard tusken 1758 en 1776 yn Sibearysk-barokke styl boud.

Sacharías- en Elisabettsjerke

Церковь Захария и Елизаветы

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Tjûmen
plak Tobolsk
koördinaten 58° 11' N 68° 14' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Tobolsk-Tjûmen
Arsjitektuer
arsjitekt Andrei Gorodnitsjev
boujier 1758-1776
boustyl Sibearyske barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 721610638740006
Webside
Side fan 'e tsjerke
Kaart
Sacharías- en Elisabettsjerke (Ruslân)
Sacharías- en Elisabettsjerke

Yn 1752 waard yn opdracht fan 'e metropolyt Silvester yn Tobolsk de earste houten Sacharíastsjerke boud. Yn 1757 baarne dy tsjerke ôf en as ferfanging waard de nije stiennen tsjerke boud.

De tsjerke waard ûnder lieding fan 'e út Sint-Petersburch ôfkomstige arsjitekt Andrei Gorodnitsjev boud en is lykas as de Opstanningstsjerke fan Tomsk yn 'e styl fan 'e Sibearyske barok boud. It is in foarse, twa ferdjippings tellende tsjerke mei seis alters, dy't riker is oan dekoraasjes dan de oare tsjerken fan 'e stêd en ien fan 'e bêste foarbylden fan 'e Sibearyske barok fertsjintwurdiget.

Krekt as hast alle oare tsjerken fan 'e stêd waard de Sacharías en Elisabettsjerke yn 1930 ûntwijd.

Fan alle Tobolsker tsjerken bleau yn 'e kommunistyse tiid allinnich de 'Tsjerke fan de Sân sliepende Jongeren fan Efeze' iepen. De Sacharías- en Elisabettsjerke waard troch de bolsjewiken plondere en it besit derfan oerdroegen oan 'e nije autoriteiten, dy't it gebou foar ferskate kommersjele doeleinden ferhierde. De toer waard foar in grut part ôfbrutsen.

Yn 1980 waarden der prikken yn it wurk steld om it gebou te behâlden. Yn 2008 folge in folsleine restauraasje fan it gebou.[1]

Fan alle ikoanen yn 'e tsjerke wurdt de 'Ikoan fan alle Drôven' it meast fereare.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Захарии и Елизаветы (Тобольск)