Saecke Fockens (1634-1669)

Saecke Fockens ek Saco Fockens (1634 - 13 desimber 1665) wie siktaris fan Opsterlân, folmacht op de Fryske lândei (1659-1665). Yn 1665 waard hy grytman fan Lemsterlân en deputearre fan Fryslân. Fan 1659-1661 wie hy kommitearre foar Fryslân yn de Ried fan Steat. Dêrnei waard er lid fan de Generaliteitsrekkenkeamer foar Fryslân. Yn 1665 waard er foar Sânwâlden en Opsterlân lid fan de Fryske Deputearre Steaten, mar ferstoar yn desimber fan datselde jier op de leeftyd fan 31 jier.

Hy wie de soan fan Saecke Fockens (1565-1635) en Lucia Siccama (1602-1652). Saecke Fockens troude op 29 april 1663 mei Antsje fan Andringa. Syn widdo ferstoar yn 1718, neidat se earst noch troud west hie mei Tarquinius fan Boelens, grytman fan Achtkarspelen, en dêrnei mei Lubertus Lijcklama à Nijeholt, grytman fan Eaststellingwerf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: