Saeckmastins
Saeckmastins ek Saecklemastins of Saeckmahûs wie in stins op de hoeke fan de Grutte- en Lytse Tsjerkstrjitte yn Ljouwert. Fan de stins is neat werom te finen, der stiet no in winkel.
De stins sil om 1450 boud wêze troch in lid van de famylje Saeck(le)ma út de gritenij Dantumadiel. Op de hoeke van de Rochebrunesteech stie it prebendehûs fan it Sint Christophorilien ta Aldehou, dat yn 1480 troch de erfgenamten fan Gerrijt fan Belcum oankocht wie as wenning foar de prebendepreester. It wie in besteand hûs, wat der op wiist dat dit diel fan de Grutte Tsjerkestrjitte al fier foar 1480 beboud wie. Ien fan de eigeners sil Johannes Wopkes Saeckma, grytman fan Dantumadiel west hawwe, dy't yn de twadde helte fan de sechtjinde iuw in Ikkerwâld op de Saeckmastate wenne.
Yn 1594 wurdt zeecker huysinghe ende stins staande op de hoeck van de groote ende cleene Kerckstraate, Zaackema huys genaampt ferkocht troch dr. Joannes Tyara, dy't in net hielendal dúdlike (famylje)bân hie mei de Saeckma's. Nei alle gedachten hat hy in oandiel fan dit hûs urven nei it ferstjerren fan Johannes Saeckma en trede hy by dizze ferkeap op foar de meinskiplike erfgenamten.
Yn it jier dêrnei ferklearje trije âldere lânmjitters, dat se by harren opmjittings al de keningsroede (> 3,90 meter) brûkt hawwe, dy't se itigen oan de roede in d’ muyr geslaegen in de Saecklema stins op het hoeckhuys van die groete ende cleyne Kerckstraet.
De keaper fan it hûs en de stins yn 1594 wie de mitselder Uuthye Riemers, dy't hast wol seker ta sloop oergien is en dêr mei it noch brûkbere ôfbraakmateriaal inkele nije huzen fan oplutsen hawwe sil. Dat wie in lukrative hannel yn de doe noch hurd groeiende stêd. Wiene der yn 1511 noch mar in lytse 1000 huzen yn Ljouwert, yn 1606 stie de teller op 1990, hast in ferdûbeling. Dit betsjutte lykwols wol de ein fan ien fan de earste aadlike huzen/stinzen fan Ljouwert.
Bewenners
bewurkje seksje- 2e helt 16e iuw Johannes Wopkes Saeckma
- 1594 dr. Joannes Tyara c.q. erven Saeckma
- 1594 - ? Uuthye Riemers
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|