Saints Peter and Paul Church (San Francisco)

De HH. Petrus- en Paulustsjerke (Ingelsk: Saints Peter and Paul Church; Italjaansk: Ss. Pietro e Paolo) is in troch de Salesianen fan Don Bosco behearde parochytsjerke yn North Beach yn San Francisco. Sûnt de wijing wurdt de tsjerke brûkt troch de Italjaansk-Amearikaanske mienskip en der wurde missen yn it Ingelsk, Italjaansk en Kantoneesk jûn. De tsjerke stiet ek bekend as la Cattedrale italiana dell'Ovest, de Italjaanske Katedraal fan it Westen, ek al tsjinnet it gebou net as katedraal.

Petrus en Paulustsjerke

Peter and Paul Church

Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
plak San Francisco
adres 666 Filbert St, San Francisco
koördinaten 37° 48' N 122° 24' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom San-Francisco
patroanhillige Petrus en Paulus
Arsjitektuer
boujier Foltôging 1924
Webside
parish.sspeterpaulsf
Kaart
Saints Peter and Paul Church (San Francisco)
Saints Peter and Paul Church

De earste Petrus- en Paulustsjerke waard yn 1884 boud op 'e hoeke fan 'e Filbert Street en Grant Avenue en waard ferneatige by de grutte ierdskodding fan 1906. De bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke waard yn 1924 foltôge.

 
Ynterieur.

Yn 'e jierren 1926-1927 waard de tsjerke ferskate kearen oanfallen troch radikale anargisten. Yn in jier tiid fierden de anty-katolike anargisten fiif bomoanslagen út. Op 6 maart 1927 skeat in plysjeman ien fan 'e dieders dea, wylst in oare slim ferwûne rekke, doe't se besochten it lont fan in grutte dynamytbom foar de tsjerke oan te stekken. De deade man, allinne bekend as "Ricca", waard nea folslein identifisearre, wylst de oare, Celsten Eklund, letter troch de gefolgen fan syn ferwûnings ferstoar.

De lêste jierren wurdt de tsjerke ek as parochytsjerke brûkt troch Sjineeske migranten. Njonken missen yn it Ingelsk, Italjaansk en Kantonees wurdt der ienris yn 'e moanne in misse yn it Latyn holden.

De tsjerke falt ûnder it aarstbisdom San-Francisco.

Yn 'e plysjefilm Dirty Harry mei Clint Eastwood foarmet de tsjerke it dekor fan 'e oanfallen fan 'e slûpskutter 'Scorpio Killer'. Fan 'e yn 1923 opnommen film The Ten Commandments fan Cecil B. DeMille binne sênes fan 'e doe noch net foltôge tsjerke te sjen. De tsjerke is ek te sjen yn 'e films What's Up, Doc? (1972) en yn dielen fan Sister Act 2 (1993). Yn 'e rampefilm San Andreas (2015) is de tsjerke en de omjouwing te sjen as in tsûnamy North Beach oerspielt.

Nei't it houlik fan Marilyn Monroe en honkbalspiler Joe DiMaggio foar de wet sletten wie, gyngen se nei de Petrus en Paulustsjerke om op de treppen foto's te meitsjen. It houlik mei Marilyn Monroe koe fanwegen de skieding net yn 'e tsjerke sels sletten wurde, om't DiMaggio earder yn 1939 mei Dorothy Arnold yn 'e tsjerke troude en syn skieding fan har net troch de tsjerke erkend waard. Op 11 maart 1999 fûn de routsjinst foar ien fan de grutste honkbalspilers fan de Feriene Steaten yn de tsjerke plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saints Peter and Paul Church, San Francisco