Giovanni Bosco
Giovanni Melchiorre Bosco (Becchi by Castelnuovo, 16 augustus 1815 - Turyn, 31 jannewaris 1888 yn) wie in Italjaanske preester en stifter fan de oarder fan Salesianen. Hy waard yn 1929 troch de Roomsk-Katolike Tsjerke sillich en yn 1934 hillich ferklearre. Meastentiids wurdt er, mei de yn guon Romaanske talen foar katolike preesters wenstige oanhef "don", Don Bosco neamt.
Giovanni Bosco | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 16 augustus 1815 | |
berteplak | Castelnuovo Don Bosco | |
stjerdatum | 31 jannewaros 1888 | |
stjerplak | Turyn | |
hillichferklearring | ||
hillich ferkl. | 1 april 1934 troch paus Pius XI | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 31 jannewaris | |
hillichdom | Basilyk fan Us-Leaffrou Help fan de Kristenen, Turyn | |
patroan fan | jongerein, Brasília |
Libben
bewurkje seksjeGiovanni Bosco's âlden (Francesco Bosco en Margareta Occhiena) wiene ienfâldige boeren út de Piëmont. De dea fan syn heit makke him al yn 'e âldens fan twa in heale wees. Giovanni krige as njoggenjierrige in dream, dy't foar him reden waard dat er preester wurde woe. Syn mem koe lykwols gjin jild foar in oplieding betelje en doe't er tolve wie gyng er it ambacht fan kleanmakker learen. Fan febrewaris 1828 oant novimber 1829 wurke er as feint yn in stâl yn Moncucco, om it sa foar syn mem wat lichter te meitsjen en sa koed er ek it ûnderrjocht yn de kategismus betelje. Syn âldere healbroer Antonio die lykwols alle war om dat ûnderrjocht te dwersbongeljen, want dy woe ha dat syn jongere broer ek thús en op it fjild wurkje koe. Syn mem betelle doe oan Antonio syn erfdiel út, dy't dêrnei fuort gyng en nea werom kaam.
Giovanni besocht fan 1831 oant 1835 it gymnasium yn Chieri. Hy tocht der noch in skoftke oer nei om by de Fransiskanen te gean, mar gyng in oare wei en yn 1835 liet er him by it preesterseminaarje fan it aartsbisdom Turyn yn Chieri ynskriuwe. Yn de seminaarjetiid fan 1835 oant 1841 wiene fral de teksten út De Imitatione Christi fan Tomas fan Kempen foarmjend foar Giovanni.
Yn 1841 waard Giovanni Bosco op de dei foar de fyfte dei yn de fêsteltiid ta diaken wijd en op 15 juny fan itselde jier ta preester. Hy gyng nei Turyn om dêr foar kânsearme jongerein te wurkjen en fûn yn it Turynske stedsdiel Valdocco in lytse, brekfallige skuorre as ûnderkommen foar de jongerein, dêr't er him oer ûntferme. Nei in pear wiken bodzjen wie de skuorre opknapt en fierde Don Bosco dêr de peaskenachtmis. Op 18 desimber stifte er in religieuze organisaasje, dy't troch paus Pius IX yn 1874 erkend waard as de oarder fan Sint-Fransiskus fan Sales (bekend as de Salesianen fan Don Bosco). Ek stifte er mei de letter ek hillich ferklearre Maria Mazzarello in froulike oarder, de saneamde Dochters fan Marije, Help fan de Kristenen (bekend as de Susters fan Don Bosco). Sawol de bruorren as de susters fan de oarders hâlde harren dwaande mei it grutbringen en de soarch fan en foar kânsearme jongerein. Twa jier letter stifte Don Bosco de organisaasje fan Salesiaanske Meiwurkers, dy't tsjintwurdich ûnder de namme Salesiaanske Meiwurkers fan Don Bosco wurket.
De Salesianen hiene oant de dea fan Don Bosco yn 1888 al 250 hûzen yn Europa en Latynsk-Amearika iepene, dy't sûnt 1846 de soarch foar likernôch 130.000 bern hiene en ûnderwiis joegen oan 18.000 learlingen.
Don Bosco waard yn de Marije-Helpbasilyk fan it Turynske stedsdiel Valdocco byset.
Hillichferklearring
bewurkje seksjeYn 1929 ferklearre Pius XI Giovanni Bosco sillich en op 1 april 1934 folge de hillichferklearring. Giovanni Bosco heart njonken Giuseppe Benedetto Cottolengo (1786–1842), Giuseppe Cafasso (1811–1860), Leonardo Murialdo (1828–1900) en de sillige Francesco Faà di Bruno (1825–1888) ta de Turynske geastliken, dy't harren yn de 19e iuw sosjaal ynsetten en fanwegen harren spiritueel en apostoalysk treflike libben as sosjale herfoarmers troch de Roomsk-Katolike Tsjerke hillich, sillich of de ferearing wurdich ferklearre waarden.
Ferearing
bewurkje seksjeSintra fan de ferearing binne it berteplak Castelnuovo Don Bosco (mei it bertehûs, de Chiesa di Santa Maria Ausiliatrice, de oarspronklike beafeartstsjerke fan Don Bosco, de Basilica (Santuario) di Don Bosco) en Turyn, dêr't yn it stedsdiel Valdocco yn de Basilica di Maria Ausiliatrice Don Bosco begroeven waard.
Op 2 juny 2017 waard in relikwy fan Don Bosco, in massyf gouden urn mei syn plasse, út de Basilika Don Bosco op de Colle Don Bosco yn Castelnuovo stellen. De relikwy waard op 15 juny werom fûn; de arrestearre dief waard troch de rjochtbank ta twa jier finzenis feroardiele.[1]
Don Bosco is beskermhillige fan Brasília, de haadstêd fan Brazylje, it bisdom Comodoro Rivadavia yn Argentynje en fan syn berteplak Castelnuovo Don Bosco. Dêrnjonken waard ek in grut tal geografyske plakken yn benammen Súd-Amearika ferneamd nei Jehannes Bosco, dêr't er ek beskermhillige fan is. Don Bosco is beskermhillige fan de jongerein en geastlike meiwurkers dy't de soarch hawwe foar de jongerein. Yn Nederlân binne ferskate skoallen ferneamd nei Don Bosco.
Feestsdei
bewurkje seksjeDe Roomsk-Katolike Tsjerke betinkt Don Bosco op 31 jannewaris.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Johannes Bosco
|