Sake Hijlkema
Sake Hijlkema is in muzikant en akteur út Ljouwert.
Sake Hijlkema | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Nederlânsk, Frysk | |
ynstrumint | Gitaar | |
jierren aktyf | 1994 - no |
Libben
bewurkje seksjeHijlkema spilet gitaar en sjongt yn de formaasjes Beukema en The Howdy Boys en de Gang fan Sake. Mei Corinne Staal makke hy de Fryske teaterproduksje De jierdei. Oan dy produksje foar jonge bern dienen neist Sake (sang en gitaar) en Corinne Staal (piano) ek noch Wytze van der Meer (basgitaar) en Tjeerd IJedema (drums) mei. De regy wie yn hannen fan Rob Heiligers. Yn de Gang fan Sake makket er muzyk foar bern fan 4-7 jier. Sake Hijlkema en Wytze van der Meer makken yn 2009 de Fryske bernefoarstelling Draaioargellân en yn 2012 de Fryske bernefoarstelling De Jiskebult. De rezjy yn beide foarstellings wie fan Luuk Eisema. Hijlkema treedt ek solo op as Sake. Mei de Howdy Boys wûn er yn 2011 de Simmerhit fan Omrop Fryslân ( mei Jan Peter Woudstra en Theo Smit) Mei Sake ( + Wytze van der Meer en Johan Keus) behelle er de finale fan Liet 2012 mei it lietsje Skimerlampe.
Sake is de heit fan radio-dj Sophie Hijlkema.[1]
Diskografy
bewurkje seksjeCd`s foar bern
bewurkje seksjeMei de Gang fan Sake
bewurkje seksje- Feestje (2009)
- Straatmuzikanten (2007)
- De Rommelzolder (2005)
- De Logeerpartij (2003)
- De Autobus (2002)
- De Verhuizers (2001)
Al dizze cd`s binne ek fertolke yn de foarm fan in muzykteater foar jonge bern.
Mei Sake Syn Saken (Frysk)
bewurkje seksjeMei Sake Hijlkema, Wytze van der Meer, Corinne Staal en Tjeerd Yedema:
- Opromje it festival (2007)
- Sake Syn Jierdei (2005)
Cd`s foar folwoeksenen
bewurkje seksje- Los, Sake, (2011)SH001(stêdsfrysk) Mei Wytze van der Meer, Johan Keus en Vincent Knaven. Gastspilers binne Sjaak van der Reijden,Martin Beekman en Anke-Bonny Hijlkema.
- Max Patat, Beukema, (2007) Ms43 (Stedsfrysk). Mei Sake Hijlkema, Wytze van der Meer, Martin Beekman en Boy brostovski. Gastspilers binne Eric Roelofsen, Sip de Bildt, Peet Terluin en Nynke Hoitsma.
- The last old shovel, Tres Tacos (1999)tt002
- Tres Tacos (1994)tt001
Bernefoarstellings fan Sake Syn Saken
bewurkje seksje- De Jierdei, regy Rob Heiligers (Tryater/ Provinsje Fryslân, 2005)
- Opromje, regy Luuk Eisema
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |