Sakramintshúske
(Trochferwiisd fan Sakramintsnis)
In sakramintshúske of tabernakel is in lyts, bytiden fersierd niske of muorrekastke, meastentiids oan de noardkant fan it koer fan Midsiuwske tsjerken. Hjiryn waard de sakristy (ouwel, hosty) bewarre yn in piksis. It 'lichem fan de Hear' fertsjinne in foarname, mar benammen in feilich plak. Ek al omdat de hosty troch leauwenden wolris meinaam waard. Soks kaam meidat men oan de konsakrearre hosty in wûnderlike krêft taskreau. Der binne noch sakramintshúskes yn Eanjum, Burgum, Rinsumageast. Mooglik wie it ek in berchplak foar papieren fan wearde. Yn lettere midsiuwen waard it sakramintshúske ferfongen troch in tabernakel op it alter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|