Salentein is in lângoed by Nijkerk oan de dyk nei Putten. Al yn stikken út 1730 wurdt skreaun oer it hûs 'de Salentein'. It wite kastiel is ûntstien nei ferbouwing fan in âldere Hearepleats. Oer it boujier fan de pleats is net folle bekend. De beide tuorren oan de foarside binne der pas om 1905 hinne by boud en krige it hûs syn kastieleftige uterlik. Om it kastiel leit in grêft. Oan de oare kant fan de dyk stiet in dowetoer yn it kampke lân, en oan de dyk stiet it koetshûs. It park en it kastiel binne net tagonklik.

Salentein (2009)
Dowetille Salentein

Yn 1980 wurdt it lângoed mei de gebouwen opkocht en restaurearre. It kastiel wurdt yn 1982 yn gebrûk nomd as kantoar fan Pon Holdings fan de Volkswagen-ymporteur. Ein 1983 iepent Restaurant "de Salentein" syn doarren yn it eardere Koetshûs en de Terskmole.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  • Ronald Stenvert e.a., Salentein yn: Monumenten in Nederland - Gelderland. Rijksdienst voor de Monumentenzorg/ Waanders útjouwerij, Swol 2000, s. 237]