De Salomonssee is in see oan de râne fan de Grutte Oseaan. De see leit tusken Papoea Nij-Guineä yn it westen en de Salomonseilannen yn it easten. De autonome regio Bougainville, dy't anno 2024 noch ta Papoea Nij-Guineä heart mar nei ferwachting tusken 2025 en 2027 ûnôfhinklik wurde sil, leit ek oan 'e eastkant fan 'e see. Yn it suden grinzget de Salomonssee oan 'e Koraalsee en yn it noardwesten oan 'e Bismarcksee. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden der yn 'e Salomonssee ferskate grutte seeslaggen útfochten tusken de Japanners en de Alliëarden.

Salomonssee
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken eastlik Nij-Guineä en de Salomonseilannen
lân   Bougainville (aut.)
  Papoea Nij-Guineä
Salomonseilannen
koördinaten 8° S, 154° E
ûnderdiel fan Stille Oseaan
sifers
maks. lingte 1.500 km
maks. breedte 500 km
oerflak 720.000 km²
djiptegemiddelde 4.000 m
djipste punt 9.140 m
Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppeling om utens

bewurkje seksje