Bismarcksee
De Bismarcksee is in see yn de Grutte Oseaan. De Bismarcksee wurdt yn it suden en westen begrinzge troch Papoea Nij-Guinea en yn it noarden en easten troch de Bismarckarsjipel. Yn it easten wurdt de see ôffrede troch de eilannen Nij-Brittanje en Nij-Ierlân, en yn it noardwesten troch de Admiraliteitseilannen.
Bismarcksee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Nij-Guineä en de Bismarckarsjipel | |
lân | Papoea Nij-Guineä | |
koördinaten | 4° S, 148° E | |
ûnderdiel fan | Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.300 km | |
maks. breedte | 450 km | |
oerflak | 250.400 km² | |
djiptegemiddelde | 2.000 m | |
djipste punt | 2.500 m |
Ut de skiednis
bewurkje seksjeYn de Bismarcksee waard ûnder de Twadde Wrâldkriich fan 2 maart oant 4 maart 1943 yn de Slach yn de Bismarcksee de Japanske fleat ferslein.
De see is ferneamd nei de Dútske kanselier Otto von Bismarck. Ein 19e iuw foel de see ûnder it gebiet Dútsk Nij-Guinea, in Dútske koloanje.
Mineralen
bewurkje seksjeResint ûndersyk yn de boaiem fan de Bismarcksee hat grutte mineraalfoarrieden oantoand, sulfiden, koper, sink, sulver en goud. Papoea Nij-Guinea hat de mynrjochten yn dit gebiet. De fynsten binne tige wichtich meidat se ûnder in yn ferhâlding ûndjippe, meast kalme see fûn binne.[1]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |