Salonorkest Sinnema

Salonorkest Sinnema is in orkest dat op 15 desimber 1918 oprjochte waard yn de lunchroom fan Kimp oan de Ljouwerter Nijstêd. It waard oprjochte ûnder de namme Kamer Muziekvereniging.

Yn de oarloch waard net spile omdat de leden net tatrede woenen ta de Dútske kultuerkeamer. Nei de oarloch die bliken dat dirigint Leendert Sinnema ferstoarn wie yn in Dútsk konsintraasjekamp. Hy hie as sjef op de ôfdieling Befolking argyfstikken ferdwine litten. As earebetoan waard de namme fan it orkest feroare yn Salonorkest Sinnema.

Yn 1993 spile it orkest yn in besetting fan 6 earste fioelen en 6 twadde fioelen, in sello, in piano, twa fluiten, 3 klarinetten, 1 hobo, 2 trompetten en slachwurk. Eask foar talitting wie dat men ûnderfining hawwe moast yn it spyljen yn ensembles.

Keppeling om utens

bewurkje seksje