Sam Olij
Simon Paulus ("Sam") Olij (Amsterdam, 5 oktober 1900 – Amsterdam, 4 augustus 1975) wie in amateurbokser út Landsmeer, Nederlân. Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen.
Sam Olij | ||
sporter | ||
Sam Olij (mei feandel) en Harry Dénis (rjochtsachter), OS 1928 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Simon Paulus Olij | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 oktober 1900 | |
berteplak | Amsterdam | |
stjerdatum | 4 augustus 1975 | |
stjerplak | Amsterdam | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Boksen | |
ûnderdiel | Swiergewicht | |
O.S. | Amsterdan 1928 | |
karriêre-ein | 2007 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud EK 1995 |
Doe't Amsterdam yn 1928 gasthear wie fan de Olympyske Spullen, ferlear er yn de kwartfinales fan it swiergewicht (oant 91 kilogram) fan Arturo Rodríguez út Argentynje. Olij siet by in seleksje fan seis, mei ûnder oaren Ben Bril, Bep van Klaveren en Karel Miljon, dy't ûnder lieding fan trener Theo Huizenaar stie.
Sam Olij wie yn de oarloch in wreed ferneamd plysje en joadejager. Sitaat út it boek “Landverraad” fan Koos Groen: "... Het arresteren van dertig blinde joden voor de arbeidsinzet in Polen was er vooral debet aan dat hij ter dood veroordeeld werd. In tweede instantie werd de straf verlaagd tot vijftien jaar. Hij ontsnapte". Lykas syn soan Jan Olij, dy't as SS-frijwilliger oan it eastfront fjochte, ferwûne weromkaam en him dêrnei nuttich makke by de Grüne Polizei.
Hy stoar yn de âldens fan 74 jier yn Amsterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|