Samuel Taylor Coleridge
Samuel Taylor Coleridge (Ottery St Mary, Devonshire, 21 oktober 1772 – Highgate, Londen, 25 july 1834) wie in Ingelsk Romantysk dichter, literêr kritikus en filosoof, dy't mei syn freon William Wordsworth de Romantyske beweging yn Ingelân stifte. Hy wurdt rekkene ta de saneamde Lake Poets en is faaks it meast ferneamd fan de gedichten The Rime of the Ancient Mariner en Kubla Khan, en syn grutte proazawurk Biographia Literaria. Syn kritiken, benammen oer William Shakespeare, hiene in soad ynfloed, en hat sines dien by de yntroduksje fan de Dútske idealistyske filosofy yn de Ingelsktalige kultuer. Hy hie ek grutte ynfloed, fia Emerson, op it Amerikaansk transendintalisme.
Goleridge hie syn hiele folkwoeksen libben lang te lijen fan oanfallen fan eanst en depresje; der wurdt wol tocht dat hy in bipolêre steuring hie, in syktebyld dat doetiids noch net beskreaun wie.[1] Coleridge syn minne sûnens soe ûntstien wêze kinne út in oanfal fan reumatyske koarts en oare oandwanings út syn bernetiid. Hy waard behannele mei laudanum, wat laat hat ta in libbenlange opiumferslaving.
Wurk
bewurkje seksje- The Fall of Robespierre, 1794, mei Robert Southey
- Poems on Various Subjects, 1796
- The Watchman (polityk tydskrift), 1797
- Lyrical Ballads (mei William Wordsworth), 1798
- Dejection: An Ode, 1802
- The Friend, 1809-10
- Remorse (Tragödie), 1813
- Christabel; Kubla Khan, a Vision; The Pains of Sleep, 1816
- Biographia Literaria, 1817
- Sibylline Leaves (sammele gedichten), 1817
- Aids to Reflection, 1825
- Poetical Works, 1828
- On the Constitution of the Church and State, 1829
- Table Talk, 1836 (postúm)
- The Rime of the Ancient Mariner 1798
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Libbenspaad ((in) )
- Samuel Taylor Coleridge Argyf ((in) )
- Literary Remains ((in) )
- Coleridge by Project Gutenberg ((in) )
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Samuel Taylor Coleridge fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|