Samuel van Haringhouck

Samuel van Haringhouck wie in drukker en boekferkeaper te Boalsert fan 1648 oant 1672. Hy wenne yn it pân 'de Waerheyt' op de Groote Dijl-Acker. Hy wie in freon en de útjouwer fan Gysbert Japicx.

Neffens Wumkes moat Haringhouck him nei 1639 yn Boalsert festige hawwe en wie er wierskynlik troud mei in Hester. Faaks wie er fan Ingelsk komôf. Hy liet in soad Ingelsk teologysk wurk oersette. Syn printwurk mocht der wêze en kin fergelike wurde mei dat fan Plantyn yn Antwerpen en oare ferneamde Nederlânske printers.

Yn de boeken dy't er útjoech skreau er stilistysk goede voorredens en somtiids ek in knap fers. Neist it faak stichtlik teologyske wurk joech er ek Faramond of Historie van Frankrijk út yn twa dielen.

Galery útjeften

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Haringhouck, Samuel van.