Samyske talen
De Samyske talen foarmje in groep taalfariëteiten dy't ta de Finsk-Oegryske taalfamylje rekkene wurdt. De Samyske talen wurde troch de Samen (Sápmi) brûkt yn de noardlikste parten fan Noarwegen, Sweden en Finlân, en op it Kola-skiereilân yn Ruslân. De meast foarkommende talen binne hjoeddedei it Noardsamysk, it Lulesamysk en it Súdsamysk.
Samysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Sámegielat, Sámigiella | |
lânseigen yn | Laplân (parten fan Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân) | |
tal sprekkers | 23.000 | |
skrift | Latynsk, Sirillysk | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Oeralysk ● Finsk-Oegrysk ● Samysk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Noarwegen Sweden Finlân | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | smi |
It tal sprekkers wurdt rûze op sa'n 23.000, dêrfan 12.000 yn Noarwegen, 7.000 yn Sweden, 3.000 yn Finlân en 1.000 yn Ruslân.
Steat
bewurkje seksjeNoarwegen
bewurkje seksjeYn de njoggentiger jierren naam it parlemint fan Noarwegen in wet oan dy't it Samysk it steat fan offisjele taal joech yn njoggen noardlike gemeenten.
Sweden
bewurkje seksjeOp 1 april 2000 waard it Samysk ien fan de fiif erkende minderheidstalen yn Sweden. Yn ferskate gemeenten kin it brûkt wurde by oerheidsynstânsjes. De universiteiten fan Umeå en Uppsala biede opliedings yn it Noardsamysk oan, en de universiteit fan Umeå biedt teffens it Ume- en it Súdsamysk oan.
Finlân
bewurkje seksjeYn Finlân hawwe de Samen sûnt 1991 it rjocht om it Samysk te brûken yn de kommunikaasje mei alle oerheidsynstânsjes. Trije Samyske talen binne erkend: Noard-, Skolt- en Inari-Samysk. De Samyske taalwet fan 2003 makke fan it Samysk in offisjele taal yn fjouwer Finske gemeenten.
Ruslân
bewurkje seksjeYn Ruslân hat it Samysk net it steat fan offisjele taal. Sûnt 2012 kin men de taal lykwols al oan de universiteit fan Moermansk studearje.