Santa Marta
Santa Marta is in stêd yn Kolombia. It is de haadstêd fan Departamento del Magdalena en de fjirde grutste stêd fan 'e Karibyske Regio fan Kolombia, nei Barranquilla, Cartagena en Soledad. Op 29 july 1525 waard troch de Spaanske feroverer Rodrigo de Bastidas de earste Spaanske delsetting yn Kolombia stifte, de âldste oerbleaune stêd, en de twadde âldste yn Súd-Amearika. De stêd leit oan de Baai fan Santa Marta en is in populêre toeristyske bestimming.
Santa Marta Ciudad de Santa Marta | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kolombia | |
Steat | Magdalena | |
Boargemaster | Rafael Martinez | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 515.556 | |
Oerflak | 2393,65 km² (totaal) 55,10 km²(stêd sels) | |
Befolkingsticht. | 220/km² | |
Hichte | 6 m heechste punt: 5775 m | |
Oar | ||
Stifting | 1525 | |
Tiidsône | UTC-5 (UTC-5) | |
Simmertiid | UTC-5(UTC-5) | |
Koördinaten | 11°14′ NB 74°12′ WL | |
Offisjele webside | ||
[1] |
Skiednis
bewurkje seksjeFoar de komst fan Jeropeanen, waard it Súdamerikaanske kontinint bewenne troch Yndiaanske folken. Us kunde oer dy Yndiaanske folken is lykwols beheind. Dat komt ûnder oaren troch ferneatiging en in ferkearde foarstelling fan de Spaanske feroverers fan dy folken en it tropyske waar, mei in soad delslach.
De Tairona bewennen de omkriten en foarmen middelgrutte oant grutte stêden, dy't út stiennen strjitten, terrassen, kanalen, en stikken lân ornearre foar de lânbou, bestiene. Harren ekonomy bestie benammen út lânbou, bygelyks mais, ananas, palmlely, en oare pleatslike fiedselprodukten. De Tairona wiene harren tiid aardich foarút. Guon terrassen en ûndergrûnske gongen, dy't oerbleaun binne, litte dat goed sjen. Hja wiene ek ferneamd om harren sâltproduksje, dat in wichtich hannelsprodukt wie. Hja hannelen mei oare folken, dy't oan de kust, mar ek fierder ynlân wennen. Troch archeologyske fynsten waarden potten, ierdewurk en goud ûntdutsen.
Doe't de Spanjerts it gebiet feroveren, waard de stêd yn 1525 troch Rodrigo de Bastidas stifte. Simon Bolivar stoar op 17 desimber 1830 op de hacienda (buorkerij) Quinta de San Pedro Alejandrino oan de râne fan de stêd.
Flagge
bewurkje seksjeDe flagge fan Santa Marta bestiet út twa kleuren: wyt en blau. Wyt tsjut frede oan, dêr't eltsenien sûnder beheinings feriene binne. Blau tsjit de loft, see, de wûnder fan de hoarizon, en de snietoppen fan it berchtme Sierra Nevada.
Geografy
bewurkje seksjeSanta Marta leitoan de Baai fan Santa Marta oan de Karibyske See yn de provinsje Magdalena. It leit 992 km fan Bogotá en 93 km fan Barranquilla. Oan de noard- en westkant fan de stêd is de Karibyske See en it grinzget oan de súdkant oan de gemeenten Arataca en Ciénaga.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe ekonomy fan Santa Marta bestiet benammen út toerisme, havenyndustry, fiskjen, en lânbou. De wichtichste lânbouprodukten binne: bananen, kofje, kakao en maniok.
Ferfier
bewurkje seksjeSanta Marta hat in foaroansteande haven. It Simon Bolivar Ynternasjonale Lofthaven (IATA: SMR) is 16 km fan it sintrum ôf. It stedssintrum leit tichte by de kust, mar it stedsbestjoer hat it dreech om stedsútwreiding yn de stringen te hâlden.
Klimaat
bewurkje seksjeSanta Marta hat in tropysk savanneklimaat mei lykwichtige temperatueren troch it hiele jier hinne. It drûge seisoen is fan desimber oant en mei april en it wiete seisoen is fan maaie oant en mei novimber.
Galery
bewurkje seksje-
Quinta de San Pedro Alejandrino yn Santa Marta
-
Casa de la Aduana y Alcapulca
-
Stânbyld fan Rodrigo de Bastidas
-
Rodadero, Santa Marta
-
Rodadero akwarium
-
Tradisjonele hûs yn Santa Marta
-
Fjoertoer oan de baai fan Santa Marta
-
It eilân El Morro by de kust fan Santa Marta
-
Haven fan Santa Marta
-
De katedraal (fan binnen)
-
It plein yn it sintrum
-
De katedraal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|