De Sargassosee is in langrûne regio yn de noardlike helte fan de Atlantyske Oseaan, mei oseaanstreamingen rûnom. Yn it westen is de Golfstream, yn it noarden de Noard-Atlantyske Stream, iyn it easten de Kanaryske Stream en yn it suden de Noard-Atlantyske Ekwatoariale Stream. It meast tichteby lizzende eilân is Bermuda.

Sargassosee
geografy
type wetter see
lokaasje noardwesten fan 'e
   Atlantyske Oseaan
lân Bermuda
koördinaten 28° N, 66° W
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
maks. lingte 3.200 km
maks. breedte 1.100 km
oerflak 3.500.000 km²
djiptegemiddelde 5.000 m
djipste punt 7.000 m
wetterfolume XXX km³

Portugueeske seelju wienen ûnder de earsten dy't de see ûntdutsen, yn de 15e iuw; sy neamden it wetter nei it Sargassum seewier dat dêr in soad waakst (Portegeesk: sargaço).[1] Lykwols soe it wêze kinne dat de see al folle earder bekend wie. In gedicht fan Rufus Festus Avienus, yn de lette 4e iuw, beskriuwt in part fan de Atlantyske Oseaan dat mei seewier oerdutsen is; hy sitearre in ferlern gien ferslach fan de Kartaachske ûntdekkingsreizger Himilko de Seefarder, 5e iuw f.Kr. Christopher Columbus neamt de Sargassosee ek en die ferslach fan de massas seewier dat dêr dreaun.

De Sargassosee is tige sâlt en lang tocht men dat der gjin libben foarkaam, hoewol't der oan de oerflakte in soad seewier fan it skaai Sargassum foarkomt.

Yn it ramt fan it saneamde Global Ocean Sampling (GOS)-ûndersyk is de Sargassosee troch J. Craig Venter en oaren op ferskaat oan mikrobysk libben ûndersocht. Oars as eardere teoryen hawwe woenen, blykt der in grut ferskaat oan iensellich libben (prokaryoten) te bestean.

De see is bekend as unyk briedgebiet fan de Europeeske en Noard-Amerikaanske iel. De aaikes komme yn de Sargassosee út en de jonge iel swimt dan nei Europa. At de iel geslachtsryp binne, geane se werom om wer te kûtsjitten yn de Sargassosee. Ek de ûnechte karetskyldpodde komt der foar; der wurdt wol toch dat de jonge skyldpodden op de Golfstream oankomme om yn de beskûling fan it seewier grut te wurden.

Troch de streamingen oan de oerflakte yn dit part fan de oseaan, ûntstiet der in opheaping fan net-ôfbrekber plestik ôffal yn de Sargassosee (North Atlantic Garbage Patch.[2] Itselde ferskynsel docht him foar yn de Stille Oseaan, de Great Pacific Garbage Patch.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wide Sargasso Sea; útj. Book Drum
  2. The trash vortex, sjoen 2008-04-20; Greenpeace