Skelte à Bolswert

(Trochferwiisd fan Schelte à Bolswart)

Schelte Adams à Bolswert (Boalsert, sa. 1586Antwerpen, 1659) wie in Nederlânsk kopersnijer.

Biografy bewurkje seksje

Schelte Adamssoan Bolswert is berne yn 1586 en giet letter mei syn broer Boëtius nei Hollân ta, dêr’t se har beide it gravearjen eigen meitsje. Yn 1617 wurkje se beide foar de boekdrukkerij Plantijn yn Antwerpen. In wichtich feit is dat op it momint dat de bruorren Bolswert dêr wurken, Balthasar I Moretus de lieding hat oer de boekdrukkerij. Fan krusiaal belang is de freonskip tusken Moretus en Rubens. De útjouwerij spilet in tige wichtige rol yn de fersprieding fan de gravueres en de printen, dat Rubens hie der alle baat by om goede relaasjes mei Moretus en de útjouwerij te ûnderhâlden. It leit dan ek yn de reden dat Rubens hjir de bruorren opmerkt hat, dy’t oars echte keunstners wienen as se oan de slach gienen mei de buryn en dêrmei in grutte status berikt hiene. Yn 1624 wol Rubens de bruorren oannimme om yn syn atelier oan 'e gong te gean. Boëtius giet hjirop yn, mar Schelte hâldt de boat noch efkes ôf oant syn broer stjert yn 1633. De fraach kin steld wurde wêrom’t no ynienen harren wegen skiede. It is gjin geheim dat Schelte op technysk flak in gruttere master blykte te wêzen as Boëtius, mar it wie wol Boëtius dy’t derfoar soarge hie dat Schelte him it gravearskip eigen makke. Boëtius hie ommers de basisoplieding fan Schelte op him nomd. It befêstiget it feit dat Rubens iderkear mar ien graveur oannomd , hoewol’t de boarnen elkoar dêroer tsjinsprekke. Sa sil Paulus Pontius tagelyk mei Boëtius yn tsjinst komme by Rubens. Wylst krijt Schelte yn 1625 it frijmasterskip oan de Sint-Lucasgilde en fêstiget him definityf yn Antwerpen.

Bolswert yn it Rubensatelier bewurkje seksje

As in graveur mei oplieding yn it Rubensatelier kaam te wurkjen, krige dy dochs noch ûnderrjocht fan Rubens, om oan syn easken foldwaan te kinnen. By Schelte wie soks blykber net mear nedich. Syn gravueres bjusterbaarlik detaillearre gravueres wienen al uterst akkuraat neffens it orizjineel. Ek it feit dat Schelte de tonaliteit moai oersette en dat de skildereftige tendins fan it skilderij der ek yn werom te finen wie, soarge derfoar dat Schelte in soad respekt krige fan Rubens. It feit dat Schelte eins al it frijmasterskip krigen hie en dan pas yn tsjinst fan Rubens oan 't wurk gie, is in anomaly yn Rubens syn kar fan graveurs. Ornaris hie er guons dy’t noch net sa lang yn it fak sieten, sadat de graveur yn kwestje noch brûksum wie. It is oannimlik dat Schelte syn eigen fyzje al hielendal ûntwikkele hie en in eigen styl fan gravearjen hie en behold.

Rubens wie tige nau belutsen by it meitsjen fan de gravueres. Dêrút soe opmakke wurde kinne dat it oannimlik is dat de graveurs dy't foar him wurken dat ek yn syn atelier dienenwurken. Mar is soks wol wis?. Guon fan de graveurs hienen ommers ek in eigen atelier of sels in útjouwerij. Oer Skelte is dêroer neat te finen yn de literatuer. Dochs liket it mooglik dat er in eigen eigen atelier of útjouwerij hie, omt hy yn 1621 it rjocht al krigen hie om sels printen te snijen, te printsjen en te ferkeapjen. Feit is wol dat men kapitaalkrêftich wêze moast om in eigen atelier of útjouwerij te begjinnen, en dêr liket it by Schelte net op. Hy arbeide nau op mei ferskate útjouwers en dêr hie er fansels in atelier ta syn foldwaan, dêr't er de kosten fan net hie.

Om de kreative ynbring fan Schelte te bepalen is it fan belang om earst Rubens syn posysje foar gravueres oer nei syn wurken te ûntdekken. Dy gravueres wiene represitatyf foar syn keunstnerskip. It soarge foar in geografyske fersprieding en útwreiding fan de fraach nei syn keunstwurken. Der kin mei frij grutte wissichheid konkludeare wurde dat de wize wêrop't Rubens it realisaasjeproses yn it each hâlde, de eigen ynvinsje fan de graveurs teneate die. It giet ommers net om orizjinele grafyk, mar om reproduskjegrafyk. It giet om reprodusearjen en net om ynvinsje. Wat perfoarst net sizze wol dat dat wat ôfdocht oan de kwaliteit fan de gravuere, meidat Rubens hege easken oan syn gravueres stelde.

Oeuvre bewurkje seksje

It grafysk oeuvre fan Schelte Adams Bolswert bestiet út leafst 345 printen. De measte dêrfan brocht hy op de merk ûnder syn eigen privileezje. Yn totaal snied hy 80 printen nei Rubens, wêrfan mar in fjouwertal troch Rubens autorisearre waarden. Syn namme wurdt op de gravueres oantsjutten mei Schelte Bolswert excudit wat sizze wol: gravearre troch Schelte Bolswert. It meastepart fan syn Rubensprinten binne makke nei syn dea yn 1640. It is in feit dat der nei de dea fan Rubens mear ynvinsje west hawwe sil, omdat de strange kontrole ferdwûn wie. In wichtige noasje is it trijefâldige privileezje fan Rubens, Cum privilegiis, Regis Christianissimi, Principum Belgarum et Ordinum Batavia, wat safolle sizze wol as 'Mei de privileezjes fan de alderkristlikste kening, fan de prinsen fan de Nederlannen en de Steaten fan Hollân'. Rubens hie dus op trije ferskillende bestjoerlike nivo’s privileezjes krigen. Sa soarge hy derfoar dat nimmen oars mei opbringst útnaaie koe. Dy fernijing wiist der ek op dat it gânse produksjeproses ûnder Rubens barde en dat alle wurk dus yn syn atelier ta stân komd is. Dochs moat dit feit nuansearre wurde. Is it effektyf sa dat de fernijing fan it trijefâldich privileezje betsjut dat de gravuere yn it atelier fan Rubens ta stân kaam? It bliuwt in mystearje, mei omdat wy net witte oft Schelte in eigen atelier hie. Yn de literatuer foarhannen wurdt wol neamd dat Rubens de bruorren oanwerve woe om yn syn atelier te wurkjen. Mar der wurde gjin bwewizen jûn, dus de boarne is net betrouber.

De 'Liuwejacht', 'Lânskip mei pleats en wetterput, 'De mirakelske fiskfangst' en de 'Bekearing fan St. Paulus' binne de iennige gravueres fan Schelte dêr’t it trijefâldige privileezje op stiet. De liuwejacht is de ienige print fan in jachttafriel neffens Rubens dy’t mei wissichheid ûnder tafersjoch fan de master ta stân kaam is. De print toant de komposysje yn deselde rjochting as it skilderij, wat earder seldsum is yn de Rubensgrafyk. De eagen fan de jagers dy’t troch de liuwen oanfallen wurde binne op de print krekt wat fierder iepen spard, as op it orizjineel. Ek de plantepartij rjochts ûnderoan de gravuere wykt wat of fan it orzjineel, dêr’t mear rotspartij is.

'Lânskip mei pleats en wetterput' is de ienige print út de rige Lytse en Grutte Lânskippen, dy’t noch ûnder lieding fan Rubens ta stân komd is, flak foar syn dea. Spitigernôch is der gjin orizjineel fan Rubens foarhannen om mei te fergelykjen.

At de 'Mirakelske fiskfangst' mei it orizjineel fan Rubens fergelike wurdt, moat fêststeld wurde dat it hast in ekskte kopy is; allinne de Kristusfiguer bûcht op de gravuere yn bytsje mear foaroer.

Op de 'Bekearing fan St. Paulus' is der ek in ôfwiking mei Rubens syn orizjinele skilderij. De kop fan de hûn rjochts ûnderoan op de gravuere is folle smeller as op it orizjinele wurk en docht tinken oan in wynhûn. Yn dit gefal is it ûnderskied singelier, om't yn it orizjineel in jachthûn ôfbylde wurdt.

Bibliografy bewurkje seksje

  • BASAN, F., Dictionnaire des graveurs anciens et modernes, Brussel, Ermens, Josephus, 1791.
  • BOECKHORST, J. e.a., De boekillustratie ten tijde van de Moretussen (tent. cat.), Antwerpen, Museum Plantin-Moretus, 1996.
  • COLNAGHI, P., COLNAGHI, D., Rubens and his Engravers (tent. cat.), London, 1977.
  • HUYS JANSSEN, P. e.a., Panorama op de wereld: het landschap van Bosch tot Rubens, ’s-Hertogenbosch, Noardbrabânsk Museum, 2001.
  • HYMANS, H., La gravure dans l’école de Rubens, Brussel, Hayez, 1879.
  • LEBEER, L., Graphisch werk van Boetius en Schelderic A Bolswert (tent. cat.), Bolsward (Stadhuis), 1951.
  • PREISING, D., MANNHEIM, C., Peter Paul Rubens (1577-1640): Meisterwerke im Kupferstich, Aachen, Museen der Stadt Aachen, 1995.
  • RENGER, K., UNVERFEHRT, G., Rubens in der Grafik, Göttingen, Kunstgeschichtliches Seminar Göttingen, 1977.
  • ROBELS, H.,ROEBIG, B., Rubens und die Tradition der Niederländischen Landschaftskunst. Graphik van Hieronymus Cock bis Schelte à Bolswert, Siegen, Museum des Siegerlandes, 1977.
  • ROSENBERG, A., Der Kupferstich in der Schule und unter dem Einflusse des Rubens, Wien, Gesellschaft für Vervielfältigende Kunst, 1888.
  • VAN HOUT, N., HUVENNE, P., Copyright Rubens: Rubens en de grafiek, Gent, Ludion, 2004.
  • VERTESSEN, I., Boëtius en Schelte a Bolswert: bekende graveurs uit de kring rond Rubens, Antwerpen, Algemene Drukk. Lloyd anversois, 1961.