Schnappi
Schnappi, folút Schnappi, das kleine Krokodil (Snappy, de lytse krokkedil), is in Dútsk kultliet. It wie in bernesankje út 2001 foar de tillevysjesearje Die Sendung mit der Maus (It programma mei de mûs). Yn 2004 waard it liet as mp3 ferspraat oer it ynternet, en waard sa populêr dat it ek as singel útbrocht waard en ein 2004 en troch 2005 yn ferskate lannen heech yn 'e hitparades kaam.
Yn it liet is it tekenteltsjefiguer Snappy oan it wurd. Sjongster wie Joy Gruttmann, dy't doe fiif jier âld wie. Hja wie de muoikesizzer fan Iris Gruttmann, dy't de muzyk skreau en dy't tegearre mei Rosita Blissenbach ek de tekst skreau.