Sealter Ie
De Sealter Ie (Sealtersk: Seelter Äi, Dútsk: Sagter Ems of Sater Ems) is in lyts rivierke yn East-Fryslân, Leechsaksen yn Dútslân. It hat syn namme te tankjen oan it gebiet dêr’t it rivierke trochhinne streamt: Sealterlân. De rivier hat in lingte fan 28 km.
Rin
bewurkje seksjeSa’n pear hûndert meter besuden fan it Sealterlân rinne de streamkes Marka en Oaje yninoar oer en foarmje dan de Sealter Ie. Fan dêrôf giet it noardlik de kant fan Sealterlân op. De rivier giet troch Sealterlân hinne en komt by de plakken Seedelsbierich, Skäddel, Roomelse, Strukelje en Boukeläsk del. By it buorskip Roggenboarch komt de rivier út yn it Elisabethfeankanaal en it Barsseler Djip. Uteinlik komme dy rivieren tegearre út yn de Leda, in sydrivier fan de Iems.
De aard fan de rivier feroaret mei de rin fan de Sealter Ie:
- Beek: Wannear't de Marka en Oaje by elkoar komme, streamt it wetter yn in relatyf smelle en ûndjippe beek mei lytse streamfersnellingen troch it lân hinne. Yn dat diel kinne gjin boaten farre. Nei in pear hûndert meter streamt it wetter fan de Sealter Ie troch in grûndûker ûnder it Küstenkanal troch. Oarekant Küstenkanal streamt de Sealter Ie fierder nei it noarden.
- Rivierke yn in beekdelling: Tusken it Küstenkanaal en Skäddel is de Sealter Ie in rivier dy't allinnich foar tige lytse rubberboaten en kano's tagonklik is. Dat stik leit yn in beekdelling dy't relatyf djip troch it lân hinne snijt.
- Kanalisearre rivier: By Roomelse wurdt de Sealter Ie in bytsje breder en is tagonklik foar gruttere sportboaten. De rivier is fan Roomelse ôf fierweihinne kanalisearre en omdat it lân der omhinne leger leit as yn it suden, binne der lytse diken oanlein. Pas yn it noarden is de Sealter Ie geskikt foar gruttere rekreaasjeboaten.
Trochdat de Iems úteinlik yn de Noardsee útkomt is yn de Leda en it noardlike diel fan de Sealter Ie in lytse foarm fan tij te fernimmen.
Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis fan Sealterlân is nau besibbe mei de Sealter Ie. Oant de 19e iuw wie Sealterlân, dat hielendal tusken moerassen yn lei, allinnich fia dy rivier te berikken. It wie de ienichste ferbining mei it lân deromhinne. Mei trochdat de rivier de ienichste wei nei Sealterlân wie, is it Sealtersk relatyf sa goed bewarre.
Yn de midsiuwen foarme de Sealter Ie de hannelsrûte tusken de Noardseekust en it efterlân fan Westfalen.
Hjoed-de-dei is de Sealter Ie in rivier dy’t in protte troch wettersporters brûkt wurdt. By Roomelse kinne sportboaten gebrûk meitsje fan de rivier, de breedte fan de rivier leit hjir tusken de 16 en 20 meter. By Strukelje en Boukeläsk lizze lytse havens fan wettersportferienings. Yn Strukelje kinne kano’s en kajakken hierd wurde. Fan dêr ôf kinne toeristen in ferskaat oan rûten nimme.
Ek wurdt der in protte oan fiskerij dien. Yn de Sealter Ie swimt in ferskaat oan fisken. Bygelyks iel, brazems, bearzen, mûdhûnen en wytfisken. Sûnt inkele jierren swimme ek forellen en de salm wer yn de stream. Dy binne útset troch de fiskersferienings yn it gebiet.