Roomelse
Roomelse (Dútsk: Ramsloh) is in doarp yn it Sealterlân mei 4.582 ynwenners (juny 2006).
It dialekt fan Roomelse is it middelste dialekt fan it Sealtersk. De namme Roomelse komt fan it Aldfryske Rames-la: Raven - lo. Yn it Frysk soe it Ravenswâld wêze.
Roomelse is it grutste doarp fan it Sealterlân. It wie in selsstannige gemeente oant 1934 mar waard doe part fan de earste gemeente Sealterlân. Nei de oarloch waard it wer in selsstannige gemeente oant 1 maart 1974 de nije gemeente Sealterlân stifte waard. Sûnt dy tiid hat de gemeenterie fan Sealterlân syn sit yn Roomelse. Ta it doarp wurde ek de buorskippen Roomelse-East, Roomelse-West mei Hoogebierich, Häärst en Raake, Hollenbround, Hollen en Hollenerfoan mei Hollebierich rekkene.
Oan de westkant fan Roomelse leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Yn Roomelse wurdt hyltyd noch in feanspoar brûkt. Fierders stiet hjir de VLF stjoerder DHO38, in grutte VLF stjoerder fan de Dútske Marine foar kommunikaasje mei ûnderseeboaten.
Sealterfryske strjitnammen
bewurkje seksje- Juurebierich (berch of terp)
- Dät Haartje (it ...)
- Koasters Tun (masters tún)