It Sealter Liet (Sealtersk: Seelter Läid) is in liet dat oer Sealterlân giet. It kin sjoen wurde as it folksliet fan Sealterlân. De tekst fan it liet waard skreaun troch Fikoar Schulte, dy't pastoar yn Skäddel wie. De meldije komt fan it liet Brüder lagert euch im Kreise [1], fan Johann Christian Heinrich Rinck.

Sealtersk Fryske oersetting troch Jacob Botke[1]
Ljuude rakt et fuul un Lounde,
do ap Goddes Waareld stounde.
Man wät gungt deer wäil uur Seelter,
un uur't litje Seelterlound?
Seelter jäilde aal as Bruure,
oachtje, hälpe een de uure.
Träf´ se sik uk in de Froamde,
hat et fluks: "Wie sunt ja früünd".
Eene Sproake un aan Gloowe
un dät trjoue Haat, do dwo,
dät wie uus am ljoosten säike
Sälskup bie dät oaine Foulk.
Seelterlound, dät druuch mien Wääse,
deer wol iek begreeuwen lääse,
wier uk al min Baab' un Bääsje
sunt truch't Äidenlieuwend geen.
Huus, wier spielden wie as Bäid´ne,
dät Ferstopjen in de Häid´ne,
Tikken, Räiden, Pingelpangel,
kuud iek die ferjeete wäil?
Seelterlound, du laist ousleeten,
fon de Waareld gans ferjeeten.
Man din Foan häd uus uk heelden
fräi fon Fäinde, Kriech un Nood.
Seelter, wie hääbe t hier goud roaked
dan uus Lound häd sik ächt moaked.
Häd et uus daach riekelk lääwerd
Fjuur un Woater un sääd Brood.
Wie sunt luuter een Lounds Loundjer,
Schäddeler, Roomelster un Uutändjer,
un wie toanke een un t sälge:
"Seelterlound, dät lieuwje hooch!"
Minsken binne der folle en lânnen
Dy't op God syn wrâld bisteane
Mar hwet giet der boppe de Sealters
En boppe 't lytse Sealterlân?
Alle Sealters jilde as broerren
Achtsje, helpe de ien de oare
Treffe se elkoar ek yn 'e frjemdte
Hjit it daelk: wy binn' dochs frjeonen.
Ien sprake en ien leauwen
En derby it hert sa trou
Det wy ús it ljeafste sykje
Frjeonskip by it eigne folk.
Sealterlân det droech myn widze
Dêr wol ik bigroeven lizze
Hwer ek al myn foarfaers
Nei it ivige libben gongen.
Hûs dêr't wy as berntsjes boarten
It forstopjen yn it hok
Tikken, rieden, berneboartsjen
Koe ik dy forjitte dochs?
Sealterlân dû leist ôfsletten
Fen de wrâld alhiel forgetten
Mar dyn fean hat ús ek hâlden
Frij fen fijnen, kriich en need.
Sealters, wy ha 't hjir goed troffen
Hwent ús lân hat trou west
Hat it ús dochs ryklik joun
Fjûr en wetter en sêd brea.
Wy binne suver bern fen ien lân
Skeddeler, Romelster en Utendjer
En wy tinke ien en 't selde
Sealterlân, det libje lang!

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  1. J. Botke, Sealterlân: Geakindige skets, Boalsert: A.J. Osinga 1934, s. 27-28.