Sealtersk Bûn
It Sealtersk Bûn (Sealtersk: Seelter Bund; Dútsk: Heimatverein Saterland) is in organisaasje dy’t striidt foar it Sealterfryske taal- en kultueraktivisme yn Sealterlân. It bûn waard yn 1977 oprjochte as ferfanger fan it Sealterbûn fan 1952. Lange tiid waard tocht dat it Sealtersk net mear te rêden wie. Rûnom 1960 waard de taal sels ferbean op skoallen. Mar mei help fan de sprekkundigen Marron C. Fort en Pyt Kramer en troch ynspannings fan it bûn is de taal sûnt de jierren ’70 wer sterk yn opkomst.
It Sealtersk Bûn hâldt him dwaande mei it bewarjen en ûntwikkeljen fan it Sealtersk. Ek ûndersyk en dokumintaasje fan de Sealterske skiednis en kultuer foarmet in wichtich part fan it wurk fan it bûn. It Sealtersk Bûn bewarret in protte kulturele bydragen yn syn argyf.
De feriening hat likernôch 300 stipers. Tusken de 30 en 40 minsken dogge frijwilligerswurk troch aktyf te wurkjen oan de taal. Bygelyks it wurkjen oan de Sealterske stavering en grammatika en it skriuwen fan Sealterske teksten. De organisaasje wurdt benammen stipe troch private ûndersteunings en help fan it federale regear.
De organisaasje is lid fan it Jeropeesk Buro foar Minderheidstalen. Ek is it bûn dielnimmer oan de Fryske Rie en fan it Oldenburger Lânskip. Lykas it Westerlauwersk-Frysk en it Noardfrysk is de taal oanmeld by it Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Dat it Sealtersk opnomd is yn de list fan it hânfêst is fan grut belang foar de erkenning fan it Sealtersk.
Pyt Kramer is sûnt 6 maart 2010 earelid fan it Sealtersk Bûn yn it Sealterlân.
Literatuer
bewurkje seksje- Theodor Deddens (red.) - 25 Jahre Heimatverein Saterland -Seelter Buund- 1977-2002.
- Robin Hood, fan John F. Hooker, nei it Sealtersk oerset troch Gretchen Grosser, Ingeborg Einhaus en Johanna Evers, Comic. Utjouwerij Jens Quedens, Amrum, 1998, 16 Sieden.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- 06 maart 2010: Heimatabend: Pyt Kramer earelid fan de Sealtersk Bûn, sjoch: hjir of hjir
- 08 oktober 2010: Meegliederfersamlenge: Seelter Buund eerd Meeglieder of sjoch hjir
- 17 oktober 2011: Sealtersk Bûn hat in nij bestjoer (It Njis)