Seemannskirche (Prerow)
De Seeljustsjerke (Dútsk: Seemannskirche) is in 18e-iuwske protestantske tsjerke yn it Foarpommerske kustplak Prerow, Dútslân. It is de âldste tsjerke fan de Darß, it middelste diel fan it skiereilân Fischland-Darß-Zingst. De tsjerke tsjinne ea as beaken foar de seefeart.
Seeljustsjerke
Seemannskirche | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Meklenburch-Foarpommeren | |
plak | Prerow | |
adres | Kirchenort 2, 18375 Ostseebad Prerow | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1726-1728 | |
boustyl | Barok | |
offisjele webside | ||
Side protestantske gemeente Prerow |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard fan 1726 oant 1728 oarspronklik yn fakwurkstyl boud. Tusken 1740 en 1830 waard de tsjerke ferboud yn bakstien. Wat eastliker fan it hjoeddeiske plak stie earder in âldere tsjerke. De houten tsjerketoer datearret út it jier 1727.
Yn 1911 waard de tsjerke troch de ferneamde Russyske keunstskilers Marianne von Werefkin en Alexej Jawlensky skildere. Troch harren skilderijen krige de tsjerke grutte bekendheid. Wylst Werefkins skilderij Kirchgang in Prerow (Tsjerkegong yn Prerow) al desinnia ferdwûn is, dûkte Jawlensky's skilderij fan in detail fan it súdeastlike diel fan de tsjerke yn 2012 wer op by in keunsthannel.
Ynterieur
bewurkje seksjeBoppe de yngong hinget in paneel dat noch út de âlde tsjerke stamt en yn 1690 oan de tsjerke jûn waard troch de heit fan in ferdronken seeman út Kopenhagen.
It barokke gehiel fan alter en preekstoel út 1728 waard makke troch de houtfiker Elias Keßler yn Stralsund. Oan wjerskanten fan de preekstoel steane de bylden fan Moazes en Aäron. Lofst fan de preekstoel boppe Moazes hinget in kânselklok mei twa sânglêzen. Yn 1733 krige it de barokke kleurstelling.
De letbarokke doopkapel njonken de alterkânsel waard yn 1740 boud en yn 1753 beskildere.
Yn it middenskip fan de tsjerke hinget in kroanluchter dy't yn 1733 troch de boeren en fiskers fan Prerow skonken waard. Harren nammen steane yn de kroanluchter gravearre. De glêzen kroanluchter yn de alterromte waard jûn troch de bemanning fan in skip, dy't yn 1880 mei it skip foar de kust fêstrûnen en rêden waarden.
Oargel
bewurkje seksjeIt piipoargel waard yn 1848 troch de firma Nehrlich út Stralsund boud. De oargelbouwer Günter Bahr ferboude it oargel yn 1960. It suver mechanyske ynstrumint hat tsien registers.
Fotyfskippen
bewurkje seksjeYn de tsjerke hingje in pear fotyfskippen út de 18e en 19e iuw. De skippen waarden út tankberens oan de tsjerke jûn foar de rêding by need op see.
Yn it noardlike sydskip hinget de "Peter Kraft", in model fan in Ingelsk fregat, yn 1780 skonken troch de kaptein mei deselde namme. Dêr efter hinget de "Teutonia" en yn it middenskip it grutste model, de "Napoleon", alletwa healwei de 19e iuw jûn troch kapteinen foar de help by need.
-
Napoleon
-
Teutonia
-
Peter Kreft
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Seemannskirche (Prerow)
|