Selimiye-moskee (Nikosia)

De Selimiye-moskee (Gryksk: Τέμενος Σελιμιγιέ Λευκωσίας, Témenos Selimigié Lefkosías; Turksk: Lefkoşa Selimiye Camii), foarhinne de Sint-Sofiakatedraal, is hjoed-de-dei in moskee yn Nikosia op it eilân Syprus. De moskee leit yn 'e noardlike helte fan 'e âldste stêd, likernôch 100 m fan 'e Griene Line dy't de stêd midstwa snijd.

Selimiye-moskee
Τέμενος Σελιμιγιέ / Selimiye Camii
lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Nikosia
de facto Lefkoşa
plak Nikosia
koördinaten 35°10 N, 33°21 'E
arsjitektuer
styl gotyk
boujier 1209-1326
oantal minaretten 2
Kaart
Selimiye-moskee (Nikosia-Sintrum)
Selimiye-moskee
 
Detail portaal.

Tusken 1209 en 1326 waard ûnder it bewâld fan it Hûs Lusignan in nije katedraal boud, de nije Sint-Sofiakatedraal. Under aartsbiskop Eustorge de Montaigu (1217-1251) waard mei faasje fierder wurke. De katedraal jilde as in masterwurk fan 'e goatyske tsjerkegebou en is te ferlikenjen mei de grutte goatyske Frânske katedralen. Under biskop Giovanni del Conte (1319–1332) binne wat feroarings útfierd, dy't fral it oansjen fan it ynterieur bepaalden. Op 5 novimber 1326 koe de katedraal ynwijd wurde.

Sûnt de bou wie de katedraal oant 1489 de katedraal, dêr't de keningen fan Syprus kroand waarden. Yn 'e tiid dêrnei waard it eilân troch de Republyk Feneesje bestjoerd. In ierdskodding brocht yn 1491 grutte skea oan it gebou.

 
Ynterieur.

Nei de Ottomaanske oermastering fan Syprus yn 1570 waard de katedraal ta in moskee ferboud. De noch net foltôge tuorren waarden as minaretten ôfboud. Alle kristlike dekoraasjes, lykas de ramen, waarden yn dat ramt ferwidere. Sûnt dy tiid wie de Sofiakatedraal de haadmoskee fan Nikosia. Ek yn 'e Britske tiid en nei 1960 bleau it gebou in moskee.

Sûnt de Turkske ynvaazje yn 1974 leit de Selimiye-moskee yn 'e ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk fan Noard-Syprus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: