Sellulêre Finzenis (Snits)
De Sellulêre Finzenis, ek wol: Hûs fan Bewarring, Finzenhûs, Sellulêre Finzenis Anno 1841, is de eardere stedsfinzenis fan de stêd Snits.
It gebou, oan de Lytse Tsjerkestrjitte, is boud yn de perioade 1838-1841 en is noch altiten in markant gebou yn de binnenstêd fan Snits. De finzenis is yn 1841 yn gebrûk nomd nei opdracht ta bou troch de Fryske Wettersteat. Mooglik wie Isaac Warnsinck ien fan de belutsen arsjitekten. Destiids wie der yn Snits noch in finzenis, nammentlik it Hûs fan Bewarring.
Oan de rjochterside fan it pân stie it eardere plysjeburo, dêrneist stiet it Kantongerjocht.
Alle noch besteande finzenissen yn Snits, it Hûs fan Bewarring en de Sellulêre Finzenis, waarden yn 1922 opheft en sluten. Hjirnei waard it pân tusken 1946-1951 noch wol brûkt as ynternearingskamp foar kollaborateurs.
Sûnttiids is it gebou foar meardere doeleinen brûkt. Tsjintwurdich sit yn it gebou in útgeansgelegenheid, dat bestiet út ferskate kafetaria's en in diskoteek neamd Alcatraz.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|