In senuwdokter of senuwarts (net betize mei neurolooch of psychiater) is in dokter dy't dwaande is mei psychiatryske steurnissen dy't beskôge wurde kinne as harsenssykten. Yn Nederlân bestiet it spesjalisme net mear en is it mêd oernaam troch neurologen en psychiaters. By Beslút CC no. 2 - 1984 waard de oplieding ta senuwarts opheft en it register fan erkende senuwdokters sletten. Dejingen dy op dat stuit ynskreaun wiene as spesjalist-senuwdokter, holden har erkenning. It is net mear mooglik om nij erkend te wurden as senuwdokter.