Sephyros wie in Fryske Gothicmetalband oprjochte yn Ljouwert en wie aktyf tusken 2002 en 2010. Yn 2007 brocht de band de EP Anemos út.

Sephyros
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 2002 - 2010
leden
Sang Janneke de Boer
Gitaar Jeroen Bakker
Bas Paul Keuning
Toetsen Menno Terpstra
Fioele Ruben Wijga
Drums Peter Rinia

Biografy bewurkje seksje

De band waard oprjochte yn 2002, lykwols wienen der yn it earste jier noch wat besettingswikselings. De earste moannen waarden bestege oan it skriuwen fan eigen nûmers, mar al gau trede de groep ek op. It publyk reagearre posityf en ek de media wienen foar it meastepart posityf.

Sephyros hat spile as stipjend optreden foar bands as: Delain, Autumn, The Gathering, Asrai, Nemesea en After Forever.

Yn 2008 die de band in goai nei de Lytse Priis fan Fryslân[1] mar kamen net oan de finale ta. Nei 2009 is de band der mei ophâlden.

Styl bewurkje seksje

De muzyk is te omskriuwen as in kombinaasje fan symfonyske metal en gothic metal, wylst de groep it lienen fan folk, punk en progmetal ek net mije. Opfallend derby wie dat de band in fioelist hie.

Bandleden bewurkje seksje

Sûnt Sander Stegeman en syn opfolger Niko van der Hoek de groep ferlitten hawwe, is de gearstalling:

Diskografy bewurkje seksje

EP
  • Anemos - (2007) - útbrocht yn eigen behear
Demo

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: