Ferfolch

(Trochferwiisd fan Sequel)

In ferfolch is in literêr wurk, film, toanielstik, tillefyzjeprogramma, muzykstik of kompjûterspultsje dat fierder giet dêr't in earder wurk opholden is. De term wurdt almeast brûkt yn it ramt fan ferheljende fiksje, wêrby't in ferfolch pleatst is yn deselde fiktive wrâld as it eardere wurk, en ornaris gronologysk folget op dat eardere wurk. Yn it meastepart fan 'e gefallen pakt in ferfolch ferskate ploteleminten fan it oarspronklike ferhaal op, faak mei deselde personaazjes en dekôrs. As der ien inkeld ferfolch makke wurdt, sprekt men yn 'e regel noch net fan in searje, mar in ferfolch kin wol ta it ûntstean fan in searje (of rige) liede as der mear ferfolgen makke wurde. By literatuer sprekt men dan fan in romansearje en by films fan in filmsearje. Ek de opinoar folgjende ôfleverings fan in tillefyzjesearje kinne as ferfolgen beskôge wurde. As der ferfolgen makke wurde yn ferskate soarten media, sprekt men net fan in searje, mar fan in mediafranchise.

It meitsjen fan ferfolgen is oantreklik foar filmprodusinten en útjouwers om't der minder risiko mei rûn wurdt. As it publyk wol oer it oarspronklike wurk mocht, is de kâns grut dat it ek oer it ferfolch meie sil. De fans fan it oarspronklike wurk sille alteast it ferfolch lêze, sjen of spylje wolle. Dat is in grut foardiel boppe it fan nul ôf oan begjinnen mei in hiel nij wurk. Ek komt it foar dat it publyk aktyf freget om in ferfolch. Oan 'e oare kant is it sa dat ferfolgen, benammen as it om films giet, oer it algemien minder goed binne en ek minder wurdearre wurde as it oarspronklike wurk. Ferfolgen hawwe faak in titel mei in getal. Dat is bygelyks it gefal mei de film Beverly Hills Cop, dy't as ferfolgen Beverly Hills Cop 2 en Beverly Hills Cop 3 hat. Ek komt it foar dat der mei dûbele punten en tafoechsels wurke wurdt, lykas by Independence Day, dat as ferfolch Independence Day: Resurgence hat. Ek kin it foarkomme dat sawol fan in getal as fan in dûbele punt plus tafoeging gebrûk makke wurdt, lykas by Terminator 2: Judgment Day of Star Trek VI: The Undiscovered Country.

Yn it Ingelsk binne ferskate neologismen betocht om 'e ferskillende soarten ferfolgen te omskriuwen. Dy termen wurde gauris oernommen yn oare talen. Se wurde benammen brûkt foar films, mar se kinne ek op it mêd fan 'e literatuer brûkt wurde. Sokke termen binne basearre op it Ingelske wurd foar 'ferfolch': sequel (útspr.: ['si:kʷəl], likernôch: "sii-kwul").

  • In direct sequel of direkt ferfolch is in ferfolch dat daliks begjint dêr't de oarspronklike film opholden is. Der kin ek in lyts tuskenskoft tusken de films sitte, salang't yn dy tiidspanne mar neat fan belang foarfallen is.
  • In legacy sequel (letterlik: "neilittenskipsferfolch") is in ferfolch dat yn deselde tiidline, mar fierder by de oarspronklike film wei pleatst is, en bygelyks tsien of tweintich jier letter spilet. Yn dit soarte ferfolch wurde faak nije personaazjes folge, lykas de soan of dochter fan 'e haadpersoan yn 'e oarspronklike film.
  • In standalone sequel of op himsels steand ferfolch is in film dy't yn deselde wrâld of itselde hielal spilet as de oarspronklike film, mar dy't fierder amper in konneksje mei de oarspronklike film hat.
  • In threequel (in gearlûking fan three, "trije", en sequel) is in ferfolch op in ferfolch. Dizze term wurdt net faak brûkt.
  • In prequel (in gearlûking fan pre-, "foar-", en sequel) is in ferfolch dat gronologysk foarôfgeande oan 'e oarspronklike film spilet.
  • In paraquel (in gearlûking fan parallel, "parallel", en sequel) is in ferfolch dat gronologysk sjoen tagelyk mei de oarspronklike film spilet.
  • In midquel (in gearlûking fan mid-, "midden", en sequel) is in ferfolch dat gronologysk sjoen tusken oare foarfallen yn plakfynt. Dêrfan binne twa foarmen:
    • In interquel is in ferfolch dat gronologysk sjoen plakfynt tusken twa foarôfgeande films yn. Dus as interquel C in ferfolch is op films A en B, dan is de gronologyske folchoarder fan 'e films: A-C-B.
    • In intraquel is in ferfolch dat gronologysk sjoen spilet tusken twa foarfallen yn, dy't beide plakfine yn deselde foarôfgeande film.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.