Shada Nasser
Shada Muhammed Nasser (Arabysk: شادة محمد نسر; sekuerder transliterearre as Šadaẗ Muḥammad Nasr, berne yn 1964) is in Jemenityske abbekate, feministe en minskerjochte-aktiviste.
Shada Nasser | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Shada Muhammed Nasser (شادة محمد نسر) | |
nasjonaliteit | Jemenitysk | |
berne | 1964 | |
berteplak | ? (Jemen) | |
etnisiteit | Jemenitysk-Arabysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | abbekate | |
aktyf as | minskerjochte-aktiviste | |
reden bekendheid |
stie yn 2009 de 10-jierrige Nojoud Ali by doe't dy in skieding oanfrege |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeNasser har abbekatekantoar yn 'e Jemenityske haadstêd Sana'a, dat se iepene yn 'e njoggentiger jierren, wie it earste yn Jemen dat laat waard troch in frou. Nasser boude har kliïntêle op troch har tsjinsten oan te bieden oan froulike finzenen.[1] Yn 2008 krige hja ynternasjonale bekendheid doe't se de saak fan Nojoud Ali op har naam, in njoggenjierrich famke dat úthylke wie troch har heit, mar op eigen manneboet by de rjochtbank in skieding oanfrege.
Yn 2009 waard se tegearre mei Nojoud Ali troch it Amerikaanske frouljusblêd Glamour útroppen ta "Frou fan it Jier".[2][3] Hoewol't Nasser fûleindige tsjinstân ûnderfynt fan konservative en ekstremistyske organisaasjes en yndividuën yn Jemen, is se net fan doel en jou har striid op. "Wêrom? Om't ik in mem bin en in dochter haw dy't like âld is as Nojoud."[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|