Sheerness
Sheerness is in stêd op it eilân Sheppey yn it Ingelske greefskip Kent. It is it grutste plak op it eilân.
Sheerness | ||
Klokketoer út 1902 op de krusing High Street en Broadway | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Regio | Súd East Ingelân | |
Distrikt | Swale | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.938 (2011) | |
Oerflak | 3,04 km² | |
Befolkingsticht. | 3.833 /km² | |
Oar | ||
Postkoade | ME12 | |
Tiidsône | UTC-0 | |
Simmertiid | UTC |
Ut de skiednis
bewurkje seksjeSheerness moast by de oanfal troch de Nederlânske marine yn juny 1667 belies jaan, doe't 72 skippen ûnder de Tocht nei Chatham it lytse fort dêre oermasteren. It beskaafde hâlden en dragen fan de besettingsmacht fernuvere de ynwenners fan Sheerness: de mariniers betellen gewoan foar harren mielen. By de betinking, 300 jier letter, waard de Nederlânske marine mei dêrom wer útnûge.
Sheerness hie in keninklike skipswerf. Sûnt 1860 leit it plak oan it spoar. Sheerness hat in wichtige haven, dêr't fral auto's en goed foar de swier yndustry oan- en ôffierd wurdt. De Olau Line ûnderhold oant 1994 in feartsjinst mei twa skippen tusken Sheerness en Flissingen.
-
Stielfabryk yn Sheernes
-
Marine Parade oan de seedyk (rjochts)
-
It strân fan Sheerness
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sheerness fan Wikimedia Commons. |