Sheila Scott (OBE) (Worcester, 27 april 1922Londen, 20 oktober 1988) wie in Britsk piloate.

Sheila Scott
Sheila Scott (1971) foar har rekordflecht
Sheila Scott (1971) foar har rekordflecht
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sheila Christine Hopkins
nasjonaliteit Britsk
berne 27 april 1922
berteplak Worcester
stoarn 20 oktober 1988
stjerplak Londen
wurkpaad
berop/amt Piloate,
reden
  bekendheid
langeôfstânfleanrekords

Hja waard berne as Sheila Christine Hopkins waard berne yn Worcester, Worcestershire, Ingelân, yn 1922 [1]. Sy bruts goed 100 langeôfstânfleanrekords, ûnder oaren makke sy in flecht fan 34000 km ("world and a half") yn 1971. Op dy flecht waard sy de earste persoan dy't yn in lytse fleanmasine oer de Noardpoal fleach. Sy waard beneamd ta offisier yn de Oarder fan it Britske Ryk (OBE) yn 1968.

Yn 1943 sette hja útein mei aktearjen ûnder de namme Sheila Scott, in namme dy't hja har heule libben oanhâlde soe. Scott wie in skoftke troud (1945-1950) mei Rupert Bellamy. Yn 1958 learde sy it fleanen; nei njoggen moannen fleach sy solo.

De fleanmasine dêr't sy 90 rekords mei makke wie in ienmotorige Piper Comanche (registraasje: G-ATOY) mei de namme Myth Too. Yn 1966 kocht sy it tastel. It is no te sjen yn it National Museum of Flight yn Skotlân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. General Register Office index of births registered in April, May, June 1922 - Name: Hopkins, Sheila C. Mem har famkesnamme: Kenward Distrikt: Worcester Diel: 6C side: 239.