Shine On You Crazy Diamond

Shine On You Crazy Diamond is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Pink Floyd yn de Abby Road studios en útbrocht op it album Wish You Were Here út 1975. Shine On You Crazy Diamond bestie út ferskate dielen dy't ferparte wie oer it album, Shine On You Crazy Diamond part 1 waard op 15 septimber 1975 útbrocht as twadde single fan it album.

Shine On You Crazy Diamond
algemiene ynformaasje
artyst Pink Floyd
album Wish You Were Here
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 15 septimber 1975
opnommen Abby Road studios
13 jannewaris28 july 1975
doer 26:00 alle dielen
3:53 single part 1
label EMI
skriuwer David Gilmour,
Roger Waters,
Richard Wright
produsint Pink Floyd

Oer it nûmer

bewurkje seksje

It nûmer is in oade oan Syd Barrett de eardere sjonger en gitarist fan Pink Floyd dy't yn 1968 ûntslein waard fanwegen syn ferslaving oan drugs en syn dêrtroch ûnfoarsisbere gedrach. Waters besiket yn dizze oade safolle mooglik fan Barretts efterbleaune gefoelens te ferwurkjen. Syd Barrett wie ûnferwachts oanwêzich yn de studio by de opnamen fan ûnder oaren dit nûmer.

  • David Gilmour – Sang & Gitaar
  • Richard Wright – Toetsen
  • Roger Waters – Bas & Sang
  • Nick Mason – Drums

Gastmuzikanten

bewurkje seksje