Sickengasate wie in hûs oan de Doarpsstrjitte (letter Van Harenstrjitte) yn Wolvegea op de hoeke fan de Tsjerkesteech yn Wolvegea. Fan it hûs is neat werom te finen.

Sickengasate

It hûs waard boud yn 1760 yn opdracht fan Jan Poppe André van Canter. Hy wie hear fan ther Borch (by Eelde Yn Drinte), sekretaris fan de gritenij en in neef fan Onno Zwier fan Haren. Nei de dea fan in oare neef, Jan Poppe André fan Plettenberg, erfde J.P.A. van Canter Scheltemastate (Heemstrastate) yn Moarre en goed yn Lekkum. As hear fan ther Borch hie er ek in havezathe yn Eelde. Dy ferkocht hy yn 1755, om mei de opbringst syn hege útjeften te beteljen, omdat hy boppe syn stân libbe.

Yn syn testamint makket er syn maat Ede Eeuwes Sickenga ta universeel erfgenamt en ek de skriuwster Betje Wolff krige in legaat. It testamint waard troch de famylje Van Haren oanfochten, betreffende de Scheltemastate yn Moarre. It skeel kaam foar de rjochter en dy wiisde de state ta oan de famylje Van Haren. Net lang dêrnei waard dit gebou foar ôfbraak ferkocht. De Sickengasate waard troch de famylje Sickenga oant yn de tweintichste iuw bewenne.

Jan Poppe André van Canter liet it statige hûs sette foar hast f. 9500,-, in grut bedrach yn dy tiid. It gebou wie sân ramen breed en foar it hûs lei in hurdstienen stoepe mei pealtsjes en keatlingen. It hûs hie mar ien boulaach en hie in skylddak mei op de hoeken skoarstiens. Oan wjersiden fan de yngongspartij, dy't oan it dak rikte, wienen op it dak dakkapeltsjes setten krektas oan de efterside fan it hûs. It hûs hie fierders in grutte tún en in koetshús. Neidat de lêste Sickenga ferstoarn wie, is it foar meardere doelen brûkt: ûnder oare dependance fan it neistlizzende gebou Irene. Yn 1976 is it sloopt.

Bewenners bewurkje seksje

  • 1760 Jan Poppe André van Canter
  • Ede Eeuwes Sickenga
  • famylje Sickenga

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: