Siebenga's mûne
Siebenga's mûne is in ferdwûne seachmûne yn It Hearrenfean.
Siebenga's mûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
plak | It Hearrenfean | |
adres | Badwei, Kempenaerswyk | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
oarspr. gebrûk | houtseagerij | |
boujier | 1858 | |
sloopjier | 1973 |
Skiednis
bewurkje seksjeDizze mûne hie mooglik in foargonger út 1839, dy't doe eigendom wie fan de Fa. Van der Sluis & Tuimelaar brûkt wêze. Dêr is lykwols gjin bewiis foar en as it wier is, bestie de mûne mar koart: dy stiet net op de kaart fan 1848.
De achtkante mûne tusken de Badwei en it spoar Ljouwert-Swol waard yn 1858 boud troch Cornelis Tj. Tuymelaar/Tuimelaar en Johannes van der Sluis, wêrnei't dy al gau de ienige eigner waard. De earste stien fan de bûtenkruier, lein troch soan Jan van der Sluis, bedarre yn de kolleksje fan de Aldheidkeamer fan It Hearrenfean, letter feroare yn Museum Willem fan Haren.
Fan 1894 ôf kaam de mûne mei houtkolk yn it besit fan A.H. Siebenga, dêr't de populêre namme Siebenga's mole ûntstien is. Yn 1895 wie frou Jeltje J. Siebenga-Gerritsma eigner. Yn 1923 waard Johannes Anskes Siebenga eigner en yn 1941 waard it bedriuw fuortset as Fa. H.A. Siebenga & Zn.
Yn 1941 waard de wynkrêft oanfolle mei in elektromotor, wêrnei't yn 1950 de mûne ôfbrutsen waard. Koarte tiid letter waard ek de kape fuorthelle [cf. Bunskoeke: De roeden binne yn 1941 fuorthelle, yn 1950 folge troch it dak, ensfh. en stelling]. It bedriuw Ate Beuving, dat in houtfabryk hie oan de Badwei, sette der yn de simmer fan 1941 in iepen Heemaf slipringmotor yn. Fanwege it stowen hie it iepen diel fan de motor in beskermjende kape. It bedriuw Posthuma hat mooglik de elektryske ynstallaasje fersoarge.
De lêste eigener Anske Siebenga seach it eartiids bloeiende sied- en houthannelsbedriuw stiller wurden en de mûne rekke yn ferfal.
Yn de nacht fan 23 op 24 juny 1973 waard de oerbleaune romp troch brân fernield. [1] Yn 1976 binne ek de skuorren en de âlde houtkap ôfbrutsen. Nei't de Iepenbiere Wurken fan It Hearrenfean hjir in skoft siet, binne der no huzen boud.
Keunstskilder Willem van Althuis makke yn 1971 in skilderij fan de Siebenga's mûne. De mûne waard ek tekene troch Frits Klein.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Siebenga's mûne fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|