Christiaan Frederik (Frits) Klein It Oranjewâld, 12 desimber 1924 - Aldemardum, 19 april 2016), wie in Fryske keunstner. Klein is benammen bekend as yllustrator fan it waarmantsje Gurbe. Syn oare wurk bestiet út yllustraasjes foar boeken, muorreskilderingen, izerplastiken, glês-yn-lead en appliqués.

Frits Klein
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Frits Klein
berne 12 desimber 1924
berteplak It Oranjewâld
stoarn 10 april 2016
stjerplak Aldemardum
wurkpaad
bekendste
  wurk(en)
Gurbe
jierren aktyf 1940 - sa. 2010

Klein wie hikke en tein yn de Altenaleane yn It Oranjewâld (doe gemeente Skoatterlân). De famylje Klein wenne sûnt maaie 1931 tydlik yn in op de boppewenning Dracht 45 by de fammylje Regnery, yn ôfwachting fan harren hûs oan de Thialfdwerswei yn Aenjewier.[1]

Op de ambachtsskoalle fan It Hearrenfean riede keunstlearaar Postma him oan om fierder te gean yn reklametekenjen. Letter krige er les fan Cor Reisma yn Ljouwert. As jonge fan in jier as sechtjin makke er syn earste wurk, de mûne fan Siebenga oan de Kempenaerswyk. It wurk fan sawat 40 by 50 sm. is yn it besit fan Museum Willem van Haren.

Yn de oarloch makke Klein in protte tekeningen, ûnder oare fan de NBS-harkpost yn it Nannewiid en fan yllegaal wapenferfier. Dat tekenwurk út de oarloch like jierrenlang ferlern gien te wêzen. Allinnich foto’s fan dit wurk, makke troch syn freon Philippus Weijer, wiene bewarre bleaun. Jan Spiekhout, kommissaris fan de Friese Pers, hat se opnommen yn syn boek 'Sober & Solidariteit'. Unferwachts dûkten yn 2024 letter guon tekeningen út in priveekolleksje op en koe Museum Hearrenfean de tekeningen oankeapje.[2]

Bokke Heidehipper

bewurkje seksje

'De nuvere aventoeren fan de Fryske jager Bokke Heidehipper en syn doarpsgenoaten' is de strip dy't Klein foar de Heerenveense Koerier tekene en dy't yn de jierren fuort nei de oarloch yn Fryslân bekend wie, mei personaazjes as Minke Tsjoenster, Germ Bôle en Hielke Bonkefiker.

 
Loltsje en ik ha de fuotten alris útslein.

Yn 1952 kaam er yn de krantewrâld. Haadredakteur fan de Heerenveense Koerier (de lettere Fryske Koerier) Fedde Schurer frege him om ‘in Frysk mantsje' te tekenjen foar de waarrubryk. En sa waard Gurbe berne, in boerke mei pet, piip en klompen dat oanjaan moast hokfoar waar it wurde oe. Op sneon 20 septimber 1952 stie er foar it earst op de foarside fan de krante. Yn it earstoan hie Frits Klein tweintich ferskillende figueren, ien foar elk waarsoarte. Der binne no mear as 150 ferskillende 'Gurbes' yn gebrûk. De boer evoluearre. Waarman Hans de Jong joech him de namme Gurbe, tsjin it sin fan Frits Klein yn. Hy tocht dat it mantsje mear in Sibbele of in Feitse wie. Mar hy feroare syn oanpak.

Yn 1954 kaam Gurbe by Loltsje en spruts foar it earst; in one-liner alle dagen as kommentaar op it nijs. Hy bestiet oant hjoed-de-dei, op side 2 fan de Leeuwarder Courant, it deiblêd dêr't de Friese Koerier yn 1969 mei fusearre is. Yn de rin fan de jierren krige Gurbe in auto, in lúksere auto, in nij hûs en sels in kompjûter. Syn kommentaar op it nijs bleau wat it wie; soms skerp, soms guodlik of pleagjen. 'Gurbe is tiidleas', sei Klein yn in ynterview yn 2012. As de krante it beslút nimt om modernere tekentechniken ta te passen, hat Frits Klein dêr gjin nocht oan. Hy beslút him mear te rjochtsjen op reklametekenjen.

Reklametekener

bewurkje seksje

Nei it ferlitten fan de krante waard Klein benadere troch it Onderling Boerenverzekeringfonds mei it fersyk om reklamestands te ûntwerpen. It soe neffens Klein eins de earste grutte reklamekampanje yn Fryslân wurde.

Hy wurke foar bedriuwen as Nieuwe Weme, de CAF en Batavus. Sa ûntwerpt er stands foar Batavus yn de âlde Amsterdamse RAI ('mei metershege letters'). Foar it fytsefabryk tekene er mei in popke mei in grouwe kneppel, as ferwizing nei de Bataven. It waard tsientallen jierren as logo brûkt. De figuer stie yn byldfoarm op 'e hoeke foar it fabryk.

Foar boekferkeaper Van der Vegt ( earder Binnert Overdiep) de bekende tekening fan de wettertoer fan it Hearrenfean, dy't op it ferpakkingspapier fan de boekhannel kaam te stean.

Ien fan syn earste bestellingen kaam út de Hearrenfeanster izerwinkel Overdiep oan de Lindegracht; foar in houlikskado waard him frege fan âlde Overdiep in skilderij fan It Mar te meitsjen. Doe't de doetiidske minister fan Finânsjes, de âld-Hearrenfeanster, Wim Duisenberg, yn 1992 in tentoanstelling iepene yn it Willem van Haren Museum, bea hy it museum in kado oan. It wie in skilderij dat It Mar ôfbylde, dat er fan syn muoike urf. 'It is makke troch Frits Klein, mar hy libbet nei alle gedachten net mear,' merkte Duisenberg op. Njonken Klein, dy't yn it publyk oanwêzich wie, siet begraffenisûndernimmer Van der Zwaag, dy't daliks oerein sprong en rôp: "Nou, hy sit hjir tige libben neist my!"

Klein hat ek tal fan moai yllustrearre advertinsjes makke foar Wouda's Zaden, it túnboubedriuw dat doe yn Oranjewoud en letter op It Hearrenfean fêstige is.

As muzykhannelers Klaas en Roelof van der Glas foar de Keninklike Militêre Kapel in grutte konserttrommel makke hawwe, freegje se Klein om help. Klein ûntwerpt foar de tromme it wapen fan it Garde Regiment Grenadiers mei echt goud en sulver. Doe’t de tromme klear gie hy mei om it by it ministearje yn Den Haach ôf te leverjen.

 
Sionstsjerke (noardgevel)
 
De Blêdeklauwer

Glês yn lead

bewurkje seksje

Klein hat ek in protte mei glês wurke, sa makke er it sa'n 25 meter brede brânskildere rút foar de Sionstsjerke, de grifformearde tsjerke yn Aldskoat. It proses fan ûntwerp en útfiering begûn tagelyk mei de bou yn nau oerlis mei de arsjitekt-yngenieur Ingwersen. Frits Klein fûn ynspiraasje yn de Heidelberchske Kategismus: de figuraasjes fertsjintwurdigje 'ellinde', 'ferlossing', 'tankberens'. Dat binne de trije dielen dy't de kategismus útmeitsje. It is in ultime foarbyld fan protestantske symbolyk. It rút is monumintaal mei syn lingte fan 25 meter. De technyk is brânskildere glês.

Ek makke hy de ruten foar it Hearrenfeanster bedriuw Smilde. Spitigernôch waard syn wurk yn it ferpleechhûs Blau Hûs oerskildere troch de folgjende bewenner.

Yn It Oranjewâld is er foaral bekend as de ûntwerper fan de Blêdeklauwer. It skulptuer stiet tsjinoer de yngong fan Hotel-restaurant Tjaarda. It byld yn stiel en glês is yn 1996 makke troch glesker Joop Frenay fan glêsatelier 'Jjip'.[3]

Gurbe stiet noch alle dagen yn de krante en hy libbet ek troch yn de priis foar de bêste Fryske iepenloftspullen, de 'Gouden Gurbe'. It measte wurk fan Klein wurdt by Tresoar bewarre; by him thús hinge it tekene portret fan syn frou Ymkje Gerritsen; Har namme stiet op in platte, rûne ('teken fan ivichheid') grêfstien, dy't ek troch him ûntwurpen waard. Frits Klein ferstoar yn Bos en Meerzicht yn Aldemardum. It logo fan begraffenisûndernimmer Van der Zwaag fan It Hearrenfean wie in ûntwerp fan him.

Tentoanstellings (kar-út)

bewurkje seksje

Hûndert jier nei syn bertejier waard troch Museum It Hearrenfean in tentoanstelling oan syn wurk wijd.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Historie in beeld HIP-TIME magazine 11
  2. Veiling 'nazicollectie' brengt unieke tekeningen naar Museum Heerenveen, Omrop Fryslân, 10 septimber 2024
  3. Oer De Blêdeklauwer
  4. Museum Heerenveen zoekt werken van schilder/tekenaar Frits Klein, Groot Heeerenveen, 11 july 2024
  5. ‘Frits Klein – Eeuwig creatief’, Pleatslik Belang It Oranjewâld