Sieds Johannes Rienks
Sieds Johannes Rienks (Marrum, 6 oktober 1770 - Leien, 15 novimber 1845) wie in Fryske boer en ynstrumintmakker.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy waard berne as twadde bern fan de boer Johannes Rienks Rienks en Aukje Siedses Boersma, dy't wol 14 bern krije soenen. Rienks wurke mei syn heit op de pleats Bangma-sathe by Jousumbuorren, en brocht dêrneist himsels it metaaldraaien op in draaibank by. Hy kaam yn kontakt mei Arjen Roelofs en syn bruorren yn Hijum en learde fan harren hoe't hy linzen slypje en polyste moast. Hy slipe brilleglêzen en linzen foar mikroskopen en boude dêrnei teleskopen nei in ûntwerp fan Pieter Roelofs.
Yn 1805 makke hy mei in broer, dy't yn Amsterdam studearre by professor Hesseling, in reis troch Hollân en Seelân. De bruorren besochten fabriken yn Dordrecht, Rotterdam, Middelburch en Delft. Rienks wurke in skoftke op frijwillige basis yn in fabrykje yn Delft wêr't hy hope syn kennis te ferrykjen. Doe't bliek dat it fabryk allang gjin teleskopen mear makke, en hy ek nearne les krije koe, sette hy mar wer ôf.
Op in tentoanstelling fan Folksflyt dy't yn septimber 1809 yn Amsterdam holden waard, wienen fjouwer fan syn teleskopen te sjen, plus in mikroskoop. Syn fjouwerfoets-teleskoop luts de oandacht fan Kening Loadewyk Napoleon wêrnei't Rienks him de teleskoop skonk. Op 7 juny 1810 besleat de kening him in opdracht te jaan ta it bouwen fan in twafoets-teleskoop en ta in ûnderrjochtsjen fan in learling yn it slypjen fan linzen en it gearstallen fan teleskopen.
Rienks fernaam hjiroer by brief fan 15 juny, mar doe't hy in pear wike letter skriftlik kontakt opnaam mei de direkteur-generaal wie hy krekt te let. Op 1 july hie Loadewyk Napoleon troansôfstân dien, en op 9 july wie Nederlân by it Frânske Keizerryk ynlive.
Rienks gie desûndanks stadich troch mei it bouwen fan teleskopen. Hy tsjinne yn 1817 tegearre mei Arjen Roelofs by it Nederlânske regear in plan foar in teleskoop yn. It plan waard net útfierd, mar it luts de belangstelling fan Kening Willem I, dy't de beide ûntwerpers beneamde ta Broer yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Rienks krige yn 1818 op foarspraak fan professor A.C. Camper in opdracht fan Kening Willem I om twa grutte teleskopen te bouwen foar de stjerrewachten fan Leien en Utert. Hy ferhuze nei Berltsum en gie dêr yn it hûs fan Roelof Hessels Hommema wenjen dy't him holp by de bou. Foar de berekkeningen foar de spegels en it tekenjen fan de konstruksje skeakele er opnij Arjen Roelofs yn. It twatal krige lykwols spul by it projekt, en de kwaliteit fan de teleskoop fan Leien (foltôge yn 1821) bliek sa min dat dizze yn 1845 foar skroat ferkocht waard. Dy fan Utert is nea pleatst.
Wierskynlik fêstige Rienks him koart nei de dea fan Roelofs yn Leien, dêr't er yn elts gefal yn 1829 wenne. Hy ferstoar dêr op 75-jierrige leeftyd.