Sikehûssearje

(Trochferwiisd fan Sikehûsrige)

In sikehûssearje of sikehûsrige, ek wol in medyske dramasearje neamd, is in dramasearje wêryn't foarfallen yn (in ôfdieling fan) in sikehûs of soartgelikense sûnenssoarchynstelling sintraal steane. Njonken it poer genêskundige aspekt wurdt yn sokke tillefyzjesearjes oer it algemien ek omtinken jûn oan it priveelibben fan 'e haadpersoanen. Dat binne dokters, ferpleechkundigen en soms oare stêfleden, lykas konsiërzjes of skjinmakkers. De pasjinten binne meastal mar gastrollen, dy't ien of op syn meast in pear ôfleverings bliuwe.

City Hospital, dat fan 1951 ôf yn 'e Feriene Steaten útstjoerd waard, wie de earste sikehûsrige op 'e tillefyzje. Foarbylden fan oare sikehûssearjes binne: St. Elsewhere, E.R., Chicago Hope en House yn 'e Feriene Steaten; The Flying Doctors yn Austraalje; Die Schwarzwaldklinik yn Dútslân; en Medisch Centrum West en De Co-assistent yn Nederlân.

As de klam tefolle ferskood fan 'e medyske kant nei ferwikkelings yn it leafdeslibben fan 'e dokters en ferpleechkundigen kin men op in stuit net mear sprekke fan sikehûssearje; dan wurdt it ynstee in soapsearje mei it sikehûs as eftergûn. Foarbylden fan dat soarte searjes binne it Amerikaanske General Hospital en Grey's Anatomy. In oar hybride subsjenre wurdt foarme troch komeedzjesearjes dy't yn in sikehûs spylje. It bekendste foarbyld dêrfan is de Amerikaanske rige M*A*S*H, dy't rûn fan 1972 oant 1983, en dy't spile yn in militêr fjildhospitaal ûnder de Koreaanske Oarloch.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.