Silvia Nooij (Amsterdam, 9 novimber 1984 - Zoutelande, 8 july 2017) wie in Nederlânsk fuotbalster dy 't as ferdigener spile foar ADO De Haach en it Nederlânsk alvetal.

Sylvia Nooij
Sylvia Nooij (2010)
Sylvia Nooij (2010)
persoanlike bysûnderheden
namme Sylvia Nooij
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 novimber 1984
berteplak Amsterdam
stjerdatum 8 july 2017
stjerplak Zoutelande
klupskiednis
posysje ferdigener
jeugdteams

1994-2000
RKSV DCG
SC Buitenveldert
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
2000-2004
2004-2007
2007-2015
2015-2017
SC Buitenveldert
er Leede
ADO De Haach
SC Buitenveldert
–(–)
–(–)
84(1)
nasjonaal team
2009-2012 Nederlân 6(0)

Karriêre bewurkje seksje

Nooij begûn har karriêre by SC Buitenveldert en makke yn 2004 de oerstap nei Ter Leede, dat yn dy tiid ta de top fan it frouljusfuotbal yn Nederlân heart. By de klup út Sassenheim wûn se ûnder oare de KNVB beker en waard se lânskampioen.

Yn 2007 stapte Nooij oer nei ADO De Haach yn de earedifyzje. Op 29 april 2011] skoarde se har earste earedifyzje doelpunt. Yn seizoen 2011/12 waard se lânskampioen mei ADO De Haach. Yn 2013 besleat sy de klup te ferlitten, om har te rjochtsjen op har maatskiplike karriêre by Buro Jeugdsoarch yn Leien.

Al rap bliek sy it fuotbaljen lykwols te missen en begûn de trainingen wer te besykjen. Dat late ta in pear ynfal beurten. Yn de simmer fan 2014 spile se op útnûging fan de Nederlânske eigeners by Dayton Dutch Lions FC yn Ohio.

Werom yn Nederlân tekene sy in kontrakt fan in healjier by ADO De Haach. Dêrneist gie sy as assistint-trainer wurkjen by de famkes fan Jong ADO De Haach.

Nooij spile úteinlik it hiele seizoen foar ADO De Haach, mar koe de eardere suksessen mei de klup net werhelje. Se kaam mar ta seis wedstriden. Yn juny 2015 liet se har werom oerskriuwe nei SC Buitenveldert, dêr't se yn de jeugd spile.

Silvia Nooij ferstoar op 8 july 2017, yn 'e âldens fan 32 jier, ta gefolch fan in hertritmesteuring.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL