Simen Althuysen
Simen Jans Althuysen (± 1690 - Frjentsjer, nei 1757), wie in skriuwer yn it Midfrysk, wolkjimmer en begoedige boarger fan akadeemjestêd Frjentsjer. Simen kin it goed dwaan en libbet trou mei op it stik fan godstsjinst, polityk en wittenskip; hy is tige tsjerksk, fûl foar Oranje en mei syn protte freonskippen graach ûnderhâlde mei rymkes.
Skriuwt in soad gelegenheidsdichten en foarfallen út it libben fan de steedhâlder en fan syn kunde. Se binne oerlevere út de jierren 1734-1750. Under syn anonym útjûne debút út 1734, in gedicht op it houlik fan steedhâlder Willem Karel Hindrik Friso, stiet dat it skreaun is troch leafhawwers fan de steedhâlder. Yn it meartal dus. Mooglik wie it syn soan Jan Althuysen (1715-1763) dy't him holp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|