Simon Marquez
Frysk militêr, aktyf yn Meksiko
Simon Marquez, ofwol Simon Marcus (Dokkum, 3 desimber 1822 – ? ) wie in militêr.
Hy wie de soan fan in joadske slachtersfamylje. Earst waard er Nederlânsk soldaat, mar it leger foldie him net en oarsom wie dat ek sa.
Letter gie er as frijwilliger nei Meksiko ta. As generaal waard er dêr in bekend figuer yn de striid tsjin de Frânsen dy't yn 1861 it lân beset holden. Hy krige in earfolle fernijing yn de Allgemeine Zeitung des Judentums (5 july 1867) [1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|