Simon (Pimen) Fjodorovitsj Ushakov (Russysk: Симон (Пимен) Фёдорович Ушаков; berne yn 1626 – ferstoarn op 25 juny 1686 yn Moskou) wie in foaroansteande 17e-iuwske ikoaneskilder.

Ferlosser, 'net troch minsken makke', yn 1658 skildere foar it Trije-ienheid-Sergius Lavra.

Tegearre mei Fjodor Zûbov en Fjodor Rozjnov wurdt er yn ferbân brocht mei de belangrike herfoarmings fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke ûnder patriarch Nikon. Him wurdt ek it popularisearjen fan it meitsjen fan portretten fan sekuliere persoanen yn Ruslân taskreaun.

Oer syn jonge libben is hast neat bekend. Syn bertejier koe fanwegen de kombinaasje fan in byzantynsk jiertal fan in ikoan en syn dêrby fermelde leeftyd berekkene wurde.

Doe't er 22 wie, waard er as betelle skilder troch de Sulver Keamer yn tsjinst nommen, dy't by de prikaz oansletten wie. It heldere kleurgebrûk en de ferfine styl fan syn protobarokke ikoanen foelen patriarch Nikon op, dy't him by tsaar Aleksei Michalovitsj yntrodusearre. Hy waard de favoryt fan 'e keninklike famyle en yn 1664 oansteld by de Wapenkeamer fan it Kremlyn, dêr't de ûntwikkele bojaar Bogdan Chitrovo de lieding hie.

Usjakov hie in soad learlingen en meiwurkers en publisearre yn 1664 sels in koarte ferhanneling oer it skilderjen fan ikoanen.

Guon fan 'e konservative Russyske preesters beöardielen syn ikoanen as geil en duvelsk wurk en te Europeesk. Fral de aartspreester Avvakum moast neat fan syn wurk ha en ornearre dat de 'fleislike hilligen' fan Usjakov te bot neffens syn eigen ferskining skildere wiene. Lettere, 19e iuwske fakspesjalisten, seagen yn it wurk fan Usjakov it begjin fan 'e delgong fan 'e ikoaneskilderkeunst.

Usjakov fierde ek sekuliere opdrachten út en hy produsearre foar boekyllustraasjes gravueres. En dêrmei wied er ien fan 'e earste sekuliere skilders yn Ruslân. Guon fan syn ikoanen belânen yn West-Europa en spilen in grutte rol by de groeiende belangstelling foar de opkommende Russyske skilderkeunst. Usjakov wurdt as in pionier fan 'e westerske ynfloed op it mêd fan portretskilderjen en gravueres foar boeken beskôge.

Hy ferstoar op 25 juny 1686 yn Moskou.

Wurk (kar-út)

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside en:Simon Ushakov (ferzje fan 9 jannewaris 2024)