Wapenkeamer yn it Kremlyn
De Wapenkeamer yn it Kremlyn is in gebou dêr't Moskouske skatten bewarre wurde. It is ien fan de âldste musea fan Ruslân's haadstêd. It gebou waard yn 1851 boud troch de arsjitekt Konstantyn Thon.
Wapenkeamer
Оруже́йная пала́та | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
koördinaten | 55° 47' N 37° 37' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Paleis | |
boujier | Earste bou 1508 1851 | |
arsjitekt | Konstantyn Thon | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7730149001 | |
offisjele webside | ||
Museum Kremlyn fan Moskou |
De Wapenkeamer stiet yn it súdwestlike diel fan it kremlyn. Mei-inoar wurde yn de Wapenkeamer, eksklusyf it Diamentefûns, mear as 4.000 saken útstald.
Skiednis fan it museum
bewurkje seksjeDe Wapenkeamer yn it Kremlyn ûntstie yn 1508 as it keninklik arsenaal en waard foar it earst yn 1547 dokumintearre. Yn de 17e iuw waarden der net allinne mear wapens produsearre, mar ek oar guod. Doe't de earste tsaren fan de Romanov's oer it lân hearsken, wurken der al in soad keunsters fan it metaal-, sulver- en goudsmidhânwurk. Ek juwelieren en (ikoane)skilders út ferskate hoeken fan it ryk en út it Jeropeeske bûtenlân fûnen dêr wurk. Alles wat makke waard yn it arsenaal wie fan keunstsinnich nivo en fakentiden fan ealmetaal en fersierd mei weardefolle stiennen.
Oan it begjin fan de 18e iuw ferhûze it hôf ûnder Peter de Grutte fan Moskou nei Sint-Petersburch en sûnt waarden dêr ek de sljochtwei foarwerpen en de juwelen foar de famylje makke.
De yn Moskou makke saken wiene lykwols net om se sjen te litten oan it publyk. Earst ûnder it regear fan Aleksander I kaam der yn it kremlyn in apart gebou foar de opslach en ekposysje fan de ynventaris fan it arsenaal. Dat wie in neoklassisistysk paleiseftich bouwurk tichteby de Trijefâldichheidstoer, dat neffens in ûntwerp van Ivan Jegotov yn de jierren 1806-1812 boud waard. Mei de ynfaazje fan Napoleon waarden de weardefolle saken nei Nizjni Novgorod oerbrocht; yn 1814 krigen se wer in plak werom yn it nije gebou.
It die bliken dat it museum al gau te lyts wie foar de oanwaaksjende samling fan de Wapenkeamer. Sadwaande waard al trije desennia letter ûnder tsaar Nikolaas I besletten ta in nij gebou foar de ekposysje. De opdracht dêrta waard tabetroud oan de ferneamde Moskouse arsjitekt Konstantyn Thon. Likernôch tagelyk krige de arsjitekt ek de opdracht om foar de tsaar in nije residinsje yn it Moskouse kremlyn te bouwen. Foar de bou fan sawol de Wapenkeamer as de residinsje waard in grut stik grûn by de Borovitski-poarte beskikber steld. It tsarepaleis boude Thon yn de jierren 1838-1849; de twa ferdjippings tellende Wapenkeamer folge yn 1844-1851. It âlde museumgebou út 1812 waard nei de iepening fan it nije museum ferboud en noch in tal jierren militêr brûkt. Tsjin it ein fan de jierren 1950 waard it ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it Kongrespaleis.
Nei de Oktoberrevolúsje yn 1917 kaam de samling ûnder it behear fan de nije bolswistyske steat. It museum bleau in tal jierren sletten, mar waard yn 1924 wer iepene as "Museum foar tapaste Keunst". De samling wie no folle grutter troch it leechheljen fan paleizen en tsjerken en kleasters, dy't op lêst fan de oerheid sletten waarden foar de earetsjinst. Yn de Twadde Wrâldkriich wie it museum sletten en waard de ynventaris foar de feiligens nei de Oeral brocht. It museum iepene fannijs yn de midden fan de jierren 1950 en sûnt krige it ek de histoaryske namme werom.
Twadde ferdjipping
bewurkje seksjeDe twadde ferdjipping wurdt ferdield yn fiif romten. It swiertepunt foarmje de histoaryske wapens en de fan ealstiennen makke foarwerpen en tsjerklike saken, dy't nei de revolúsje út de paleizen, kleasters en tsjerken fan it kremlyn helle binne.
Fuort fan de treppenhal komt de besiker yn de earste seal, dêr't in grutte samling fan tsjerkeskatten en saken fan smei-izer út it tiidrek fan de 11e oant de 17e iuw te sjen is. Ien fan de âldste keunstwurken is in 11e iuwsk ikoan fan de hillige Demetrius fan Tessaloniki. Ofkomstich út de Transfiguraasjekatedraal fan Pereslavl is in 11e iuwske jûnsmielkelk. In grut diel fan de útstalling komt út de tsjerken fan it kremlyn.
De twadde seal toant in grut tal goud- en sulverprodukten út de tiid fan de 17e iuw oant it begjin fan de 20e iuw. Benammen it neamen wurdich is in tsjerkeskat út de sakristy fan it Trije-ienheidskleaster fan Sergiev Posad. Ek binne dêr in tal Fabergé-aaien fan de 18e oant de 20e iuw te sjen.
Yn de tredde en fjirde seal wurde benammen histoaryske wapens en militêre útrissings útstald. Yn de tredde hal wurdt bygelyks in libbensgrut model fan in ridder op it hynder yn in parade-útrissing tentoansteld. In grut diel foarmje de bútmakke wapens en útrissings fan oare lannen. Dêrûnder ek in samling fan in tal persoanlike besittings fan Sweedske kening Karel XII, dy't by de Slach by Poltava bút makke is. Yn de fjirde hal binne 13e oant 17e iuwske wapens, helmen, skylden en pânsers útstald út de russyske foarstendommen.
De lêste seal fan de twadde ferdjipping toant West-Jeropeesk sulver út de 13e oant de 19e iuw. Lúkse gebrûksfoarwerpen, mar ek sieraden, binne dêr te sjen, dy't yn de rin fan de tiid troch bûtenlânske hearskers oan de tsaren jûn waarden.
Earste ferdjipping
bewurkje seksjeDe sealen seis oant en mei njoggen lizze op de earste ferdjipping.
Seal seis eksposearret djoere stoffen en borduerwurk fan de 14e oant 18e iuw. Te sjen binne de klean fan tsaren, mar ek tsjerklik tekstyl. In grutte fitrine yn it midden fan de seal toant de feestklean fan russyske keizers út de tiid fanôf de 18e iuw. Ek de klean dy't de keizerinnen Anna Ivanovna, Elisabet en Katarina II by harren kroaning droegen hearre ta de samling.
Ien fan de meast bekende sealen yn de Wapenkeamer is de twadde seal fan de earste ferdjipping. Dêr wurde de regalia fan it tsarenhôf útstald. De Mûtse fan Monomach, in út de 14e iuw fan goud, ealstiennen en it bûnt fan in marter makke kroan, waard troch alle Moskouse grutfoarsten en tsaren oant Peter de Grutte droegen. Ek meardere orizjinele troanen wurde útstald, lykas de yn de 14e iuw makke troan fan Ivan de Ferskriklike, dy't mei ivoar belein is. Ek is de ryk fersierde dûbele troan út de 17e iuw te sjen, ornearre foar de twa tsarevitsjen Ivan en Peter.
Yn seal acht lizze saken dy't makke binne foar de seremoniele hynste- en ruterútrissing foar it hôf. Yn de lêste seal steane orizjinele koetsen út de 17e en 18e iuw.
Diamantefûns
bewurkje seksjeSûnt 1967 wurdt ek in wichtige samling diamanten tentoansteld, it saneamde Diamantefûns. De samling bestiet weardefolle ealstiennen, dy't nei de revolúsje yn beslach nommen binne út de besittings fan de keninklike famylje en de adel troch de Sovjetautoriteiten. It fûns falt tsjintwurdich ûnder it Ministearje fan Finânsjes. Foar de tagong is in aparte tagongskaart fereaske.
Utstald wurdt û.o. de ryklik mei diamanten fersierde tsarekroan út 1762. Ek it neamen wurdich binne de yn in Katarina's septer út de jierren 1770 ferwurke Orlov-diamant fan 189,6 karaat en de saneamde 88,7 karaats Sjah-diamant, dy't yn 1829 troch sjah Mirza oan Nikolaas I skonken waard om dêrmei de moard op de russyske dichter en diplomaat Aleksander Gribojedov yn Teheran goed te meitsjen. Hiele grutte diamanten yn de samling, guon hawwe in gewicht fan mear as 300 karaat, binne eartiids fûn yn East-Sibaeryske dielrepublyk Jakûtië. Oare saken dy't tentoansteld wurde foarmje de juwelen fan it tsarehôf en goud- en platinaklompen, dy't eartiids yn de Oeral en Sibearje fûn binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis [1].
|