Sinaï (skiereilân)

(Trochferwiisd fan Sinaïskiereilân)

Sinaï (Arabysk: سيناء Sīnā' ) is in Egyptysk skiereilân, dat it Aziatyske diel fan dat lân foarmet. It hat yn de 20e iuw in oantal kear befochten west. It wurdt troch de Lâningte fan Suez ferûn mei de rest fan Egypte, mar tagelyk troch it Suezkanaal skaat fan Afrika.

Sinaï, yn it reade kader

Geografy bewurkje seksje

It skiereilân wurdt begrinze troch de Middellânske See yn it noardem en dan mei de klok mei troch de Gazastreek, Israel, de Golf fan Akaba, de Reade See, de Golf fan Suez en it Suezkanaal. Op it skiereilân lizze it Sinaï-berchtme en de Sinaïwoastyn. De Sinaïberch is in wichtige berch yn it gebiet.

 
It skiereilân Sinaï fanút in Spaceshuttle

Ekonomy bewurkje seksje

Wichtige ekonomyske takken binne toerisme, feilichheid, nomadyske feehâlderij (skiep, geiten en kamelen), fiskfangst, yllegale hannel (û.o. it smokkeljen fan wapens, ammunysje en froulju) en yllegale lânbou (ferdôvjende middels).

Yn bylden bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje