Sinaedastate stie súdeast fan Haniastate en Jaarsmastate by de Holwerter Feart ûnder Holwert yn de gemeente Dongeradiel. Op it âlde stee stiet no in lânboubedriuw.

sitewaasje 2010

Oer it ûntstean fan de state is neat bekend. Frijwat efteroan yn de opjefte fan goeden yn it Register van de Aanbreng út 1511 stiet Bennert Synaeden mei achttjin pûnsmiet bûtendyks en 40 pûnsmiet binnendyks lân, dy't er yn de mande mei twa Heemstra's en in tredde eigener besit. Om 1620 wurdt it goed brûkt troch in meier en de wenning wurdt beskreaun as in 'voorhuys staande op een kelder'. Yn 1623 komme dêr noch in 'singel en porte' by. Yn 1640 wie Signaeda eigendom en wenhûs fan juffer Frouck fan Popma (fan Wergea), widdo fan Aeltze Sipckes Jaersma fan Holwert.

Schotanus jout yn 1664 noch in edele state, mar foar 1700 wie it hoarnleger romme. It stiet dan ek net mear op de Schotanus-Halma-kaart fan 1718. Dat komt trochdat om 1708 hinne it lân en it hoarnleger fan Signaeda gearfoege is mei de lannen fan Haniastate.

Eigeners bewurkje seksje

  • 1511 Bennert Synaeden
  • 1640 Frouck fan Popma

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Hisgis
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen