Sint-Annatsjerke (Famagusta)

De Sint-Annatsjerke is in goatyske tsjerke yn 'e noardwestlike hoeke fan 'e histoaryske binnenstêd fan 'e Syprioatyske stêd Famagusta.

Sint-Annatsjerke
Lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Famagusta
de facto Gazimağusa
plak Famagusta
adres Server Somuncuoglu Sk
koördinaten 33° 07 N, 33° 56 'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sint-Anna
Arsjitektuer
boustyl gotyk
Kaart
Sint-Annatsjerke (Syprus)
Sint-Annatsjerke
 
Plattegrûn.

De ienskippige tsjerke waard yn 'e iere 14e iuw boud yn wat doe de Syryske wyk wie. It is in twa traveeën tellende tsjerke mei in trijesidich sletten koer. Der hat yn Famagusta in benediktynsk nonnekleaster west en mooglik is de Sint-Annatsjerke de kleastertsjerke dêrfan. Oarspronklik wie it in katolike tsjerke, dy't yn 'e rin fan 'e 14e iuw oan 'e Maroniten oerdroegen waard.

De goatyske tsjerke hat Súd-Franske ynfloeden. Oarspronklik hongen de klokken boppe de gevel, mar dy binne der net mear. Tsjin it koer en it skip binne steunbearen boud om it gebou op syn plak te hâlden; dêrtusken binne spitsbôgige ramen ynbrocht.

Yn 'e jierren 2017-2018 waard de tsjerke mei stipe fan 'e Europeeske Uny restaurearre.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: