Sint-Barbaratsjerke (Kutná Hora)

De Barbaratsjerke (Tsjechysk: Chrám svaté Barbory) yn Kutná Hora (Dútsk: Kuttenberg) yn Tsjechje is ien fan de meast bysûndere goatyske tsjerken yn Midden-Europa. De tsjerke stiet op de list an it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Sint-Barbaratsjerke

Chrám svaté Barbory

bouwurk
lokaasje
lân Tsjechje
plak Kutná Hora
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1388-19e iuw
arsjitekt Johann Parler de Jongere, Matthias Rejsek, Benedikt Ried
boustyl Gotyk
offisjele webside
Side Sint-Barbaratsjerke

Mei de bou waard yn 1388 útein set. Troch de Hussite-oarloggen stie de bou 60 jier stil oant 1482. Yn 1588 wie jildbrek de reden dat de bou net fierder eine koe. Mei in provisoaryske tuskenmuorre bleau de tsjerke ûnfoltôge, oant tusken 1884 en 1905 by in restauraasje de lêste boufaze útfierd waard.

De earste boumaster en arsjitekt wie Johann Parler de Jongere, soan fan Peter Parler, dy't nei alle gedachten ek oan de bouplannen diel naam. Nei de Hussite-oarloggen wiene de út Praach oanstelde arsjitekten Matthias Rejsek, foarsitter fan it Praachske stienhouwersgilde, en Benedikt Ried, arsjitekt fan kening Wladislaus II, mei de bou belest.

 
Ynterieur

It oarspronklike plan wie in twaris sa grutte tsjerke te bouwen. Mar de bou wie ôfhinklik fan de opbringsten fan de sulverminen en ek de politike sitewaasje yn dy tiid. Nei de plonderings fan de stêd yn de Hussite-oarloggen en it oanbrekken fan de reformaasje tsjin it ein fan de 16e iuw naam de ynteresse yn de foltôging fan de tsjerke ôf.

De fiifbeukige tsjerke giet oer yn in smeller koer mei koeromgong oan de eastlike kant. In grut tal steunbearen en loftbôgen fersiere de bûtenbou. De net sa wenstige yndieling fan it skip is basearre op in feroaring yn de plannen troch Benedikt Ried, dy't yn stee fan de muorren fan in heech skip fan in basilika pylders oer de arkades fan it skip boude en sa de iepen romte útwreide. Boppe de pylders is yn it middenskip in unyk geometrysk ferwulft oanbrocht mei de emblemen fan de lokale gilden. It ferwulft ferdizenet de grinzen fan de traveeën, wêrtroch't in tige unifoarme romtlike yndruk ûntstiet.

De karakteristike trije tintefoarmige dakken krige de tsjerke yn de 19e iuw. It eardere ienfâldige dak waard yn neogoatyske styl neffens de oarspronklike ûntwerpen fan Ried troch de hjoeddeiske konstruksje ferfongen. By dy restauraasje krige de tsjerke der noch ien westlik travee by en in nije westlike gevel.

De Barbaratsjerke is ynrjochte mei keunstwurken fan ferskillende stylperioades. De preekstoel datearret fan 1655 en is dekorearre mei âldere reliëfs út 1566 fan de fjouwer evangelisten. It koerstuolte is 15e-iuwsk en noch orizjineel. It oargel is 20e iuwsk, mar hat noch in barok front út 1740-1760. Fierder binne der in grut tal alters yn de tsjerke en op ferskate plakken âlde fresko's te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Dom der heiligen Barbara